Skûtsje De Jouwer wint seizoensiepening SKS

De Jouwer wûn by Ealahuzen © Martin de Jong
It skûtsjesylseizoen fan de SKS is sneon begûn mei in koarte wedstriid. It skûtsje fan de Jouwer wûn de saneamde 'sprintwedstriid' by Ealahuzen.
De sprintwedstriden binne koarte wedstriden wêrby't it foaral om de start giet. De start by it skûtsjesilen is altyd yn de wyn. Nei it earste krúsrak folget fuortendaliks de finish.
Sa binne sneon op De Fluezen fiif wedstriden syld. Grou kaam de earste twa wedstriden as earste oer de finish en starte dêrnei net mear. It Jouster skûtsje wie it meast konstant en pakte mei it minste tal punten de deioerwinning.
Earnewâld wûn ien kear en waard twadde yn it klassemint en Ljouwert wist twa kear te winnen en einige as tredde yn it klassemint.
It skûtsje fan Huzum die net mei oan de wedstriid. Fierders wiene alle SKS-skûtsjes derby.