Twa autobrannen by Appelskea, brânstichting net útsluten

Ien fan de twa auto's dy't yn de brân stie by Appelskea © Noordernieuws
Op de Drentseweg tusken Appelskea en de provinsjegrins mei Drinte binne sneontejûn twa auto's ferlern gien by in brân. In autotransporter en in auto stiene tagelyk yn 'e brân op itselde terrein.
De brânwacht fan Appelskea wie der gau by om de brannen út te meitsjen. Op de brân kamen in soad sjoggers ôf. De plysje hat de dyk dêrom op in stuit ôfset.
Hoe't de brannen ûntstien binne is, net bekend. Mooglik is der brânstichting yn it spul. De plysje sil hjir ûndersyk nei dwaan.