Man ferwûne by stekynsidint yn Ljouwert, twa Ljouwerters oanhâlden

Der wie in soad plysje © Kappers Media
De plysje makket melding fan in stekynsidint yn de buert fan de Sixmabrêge yn Ljouwert. In 31-jierrige Ljouwerter is dêrby ferwûne rekke.
It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Der binne twa fertochten oanholden. De manlju fan 24 en 45 jier komme ek út Ljouwert. De plysje fertinkt se fan belutsenens by it ynsidint. De fertochten sitte fêst yn ferbân mei it ûndersyk.
It stekynsidint wie om 20.10 oere hinne by de Sixmabrêge, better bekend as de tagong nei it terrein fan de Ljouwerter Krante. It slachtoffer, de 31-jierrige Ljouwerter, is dêrnei fan de brêge oer it Sixmaplein nei de achterútgong fan in supermerk oan it plein rûn. Dêr trof de plysje him oan.
De plysje docht ûndersyk nei it ynsidint. De krekte tadracht is noch net bekend. De plysje siket tsjûgen fan de stekpartij of minsken dy't kamerabylden hawwe.