In nij begjin foar Van der Wal Hout yn Noardburgum, in jier nei de brân

Eksakt in jier nei de grutte brân by it houtbedriuw Van der Wal yn Noardburgum iepenje Lieuwe en Akkelien van der Wal harren nije bedriuw. In nij begjin, sa stiet der op in beampylder.
20 maaie 2021 wie foar it pear in nachtmerje: binnen in pear oeren lei harren libbenswurk yn 'e jiske. It fjoer wie net mear út te krijen, stikjes sinnepaniel fan it bedriuw kamen yn in grut gebiet del.
Houthannel Van der Wal iepenet in nij bedriuw, in jier nei in grutte brân
De famylje Van der Wal wie út it fjild slein, mar in pear dagen nei de brân kamen famylje en freonen yn beweging. Der waard in aksje op tou set en sy hellen hast in bedrach fan in ton op. Der koe in tinte delset wurde en in nije foarried oanlein wurde.
Mei de iepening fan it nije bedriuw komme de wetterlanners. "Wy ha in protte gûld ôfrûne jier en dat dogge wy hjoed ek, mar dat heart by it libben."