Brânwacht Ychten is mei nij boathûs oan de Tsjûkemar klear foar blitshelp

De brânwacht fan Ychten hat in nij boathûs oan de Tsjûkemar krigen
De brânwacht fan Ychten hat in nij boathûs yn gebrûk naam. Dêrmei kinne se as de blits op in needoprop reagearje. De kazerne is no noch tichter by it boathûs, dêr't permanint in boat klear leit foar ynset.
De brânwacht fan Ychten moat oer in grut wettergebiet tafersjoch hâlde. Mei de boat binne sy earder te plak. Earder lei dy op De Lemmer en de lêste tiid yn Eastersee. It boathûs is boud by it monumintale gemaal oan de Tsjûkemar yn in styl dy't dêr by past.

Makliker mei brankaar

In ambulânse kin folle makliker by de boat komme, leit ploechlieder Ale de Jong út.
Hy seit: "Wy hawwe in steiger oanlizze litten, dêr't de ambu goed by kin. De brankaar kin no neist de boat komme. Mocht it hiel kritysk wurde mei in slachtoffer, dy't stabyl moat of de weagen binne te heech, dan hawwe we de mooglikheid om de boat yn it boathûs te lizzen. De brankaar kin hjir ek noch hieltyd hinne om de persoan maklik oer te laden en de behanneling binnen te dwaan."
It is it twadde boathûs fan Veiligheidsregio yn Fryslân, mar wol de grutste. Fryslân is dêrmei wer wat feiliger wurden, seit klusterhaad Piet van der Vlist.
"Zeker. We zijn nu aan het water. Dat is wat we willen en we hopen dat we hier, met name op de Tsjûkemar, snel onze hulp kunnen bieden. Er komt steeds meer scheepvaart en het wordt drukker op het water. Dus de hulpvraag gaat steeds groter worden."
It boathûs waard iepene troch boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren en adjunkt-kommandant Marinus van de Velde fan Brânwacht Fryslân.