Ferwaaide fjildmûskes besoargje Marcel van Kammen in natuerfotopriis

De winnende foto © Marcel van Kammen | Groene Camera
Fotograaf Marcel van Kammen fan Hurdegaryp is overall winner wurden fan de Groene Camera Natuurfoto fan it jier. De Groene Camera is in natuerfotowedstriid yn België en Nederlân.
Marcel van Kammen hie de bêste foto yn de kategory 'Zoogdieren, reptielen en amfibieën', krige twa earfolle fermeldingen en waard algemien winner fan de sân kategoryën.
Op de priiswinnende foto stean in pear fjildmuzen dy't troch in noardwesterstoarm en heechtij har feilige plakje ferlitten hawwe en skûlje op de pier fan Holwert, tsjin inoar oan krûpt.
Om de foto te meitsje is Van Kammen sels yn de lijte fan in auto lizzen gien. Mei in telelins hat er in close-upfoto meitsje kinnen, sûnder de mûskes te fersteuren.

'Unyk byld'

"Een prachtige foto die een bijna menselijk afzien toont door de verwaaide vachtjes en de dicht bij elkaar gekropen lijfjes", skriuwt de sjuery. "De muisjes zijn duidelijk beland op een plek waar ze eigenlijk niet thuishoren, schuilend op het ruige, door mensenhanden gemaakte grindbeton. Een uniek beeld."
De Groene Camera is in inisjatyf fan Natuurfotografie Magazine en it Museon-Omniversum. De wedstriid einiget mei in tentoanstelling fan mear as 70 foto's. Njonken in trofee en de eare hat Van Kammen ek in jildbedrach wûn. Der wiene mear as 6.500 ynstjoeringen.