De Gertrudistsjerke fan Baard wurdt in kultureel sintrum

De Gertrudistsjerke fan Baard wurdt in kultureel sintrum
De tsjerke fan Baard is net langer fan de tsjerklike gemeente. Under behear fan de nije Stichting Gertrudis Beheer Baard moat it in kultureel sintrum wurde.
De tsjerklike gemeente is snein foar it earst gast yn harren eardere gebou. Al tsientallen jierren tsjerkje Yge Valk en syn soan Gilbert yn it tsjerkje út de 19de iuw.
"Dan namen wy stikem in Donald Duckje mei", laket Gilbert. "Under de moaie ferhalen koe ik myn eigen ferhaal lêze. Sa kaam ik de tsjinst wol troch."
"Je kinne der wol wat fan sizze. Mar ik hie wol graach dat sy stil sieten. Dat is net altyd like maklik", seit heit Yge, dy't rintmaster is. Hy oerlanget de kaaien fan it gebou oan syn soan.

Godshûs yn 'e ferkeap

Fergrizing en in tsjerke dy't hieltyd leger rekket soargen foar noed oer de takomst. De tsjerke is eigener fan meardere stikken lân. Ferline jier ferkocht de tsjerke it keatsfjild al oan in oare stichting.
"Je sjogge dat it net mear goed rint. Der komme minder minsken en de minsken dy't funksjes ferfolje wurde âlder. Dan begjinne je nei te tinken oer de takomst. Je wolle de tsjerke wol foar it doarp behâlde", sa seit Yge Valk.
De Gertrudistsjerke fan Baard © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Ek de tsjerke, it tsjerkhôf, it kostershûs en de stikken lân fan de tsjerke wurde no foar in symboalysk bedrach ferkocht oan de nije Stichting Gertrudis Beheer Baard.
De tsjerkebanken binne fertroud terrein foar dizze Baarders © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Soan Gilbert wit noch net krekt hokker aktiviteiten der yn de tsjerke plakfine sille yn de takomst. Yn gearwurking mei ûnder oaren hegeskoalle NHL Stenden wurde de mooglikheden noch ûndersocht. Wis is yn elts gefal dat de tsjerke net mei it doarpshûs konkurrearje sil.

Behear bliuwt yn Baard

It is foar de tsjerke wichtich dat it eigenerskip fan it guod fan de tsjerke yn eigen doarp bliuwt. Yge Valk: "De gebouwen en de besittingen binne byinoar brocht troch âld-Baarders. Je wolle net dat dat yn hannen komt fan wat út Hollân, bygelyks."
De tsjerke fan Baard is boud yn 1876. Bekend is dat der al sûnt de 13e iuw in tsjerke stie, al folge ferskate kearen nijbou. Yn de katolike tiid foel de tsjerke ûnder it dekanaat Winsum. De bân mei Winsum bleau, de dûmny waard dield. De herfoarme gemeente fan Baard gie yn 2006 mei Winsum en Easterlittens op yn streekgemeente Lank Meamert.
Aart Terpstra, dy't al lange tiid belutsen is by de tsjerke, is ek wiis mei it beslút: "Der binne no minsken fûn dy't de skouders derûnder sette wolle. Wy hawwe alle leden earst ynformearre. Elts wie eins unanym foar."
It ynterieur fan de tsjerke yn Baard © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Foar de tsjerklike gemeente en it tsjerkhôf sil der net in soad feroarje. De herfoarme tsjerke kin fergees yn it gebouw tsjerkjen bliuwe. De kosterswenning wurdt no al ferhierd, en de pacht dy't de boeren foar it brûken fan it lân betelje, kin fan no ôf brûkt wurde foar bygelyks ferbou en ûnderhâld fan it gebou.
Ferslachjouwer Earryt Sijens by de tsjerke fan Baard
It haaddoel is it behear en behâld fan de tsjerke, seit Gilbert Valk. "Ik bin ponghâlder, dêr sil ik mei dwaande. It soe moai wêze as der moaie dingen plakfine en der wat libben bliuwt. Myn heit kaam hjir, letter ik en no myn bern. Ik hoop dat it yn de takomst sa fierder giet."