Grutte kater foar Oldepop: Tino Martin en Waylon komme net opdaagjen

© Omrop Fryslân
In flinke kater foar Oldepop yn Ljouwert: fan de fjouwer headliners op it festival kamen der twa net opdaagjen. Waylon stapte net op it toaniel fanwege it waar, Tino Martin sei stimproblemen te hawwen.
Neffens Bobby Veenstra fan de organisaasje fan Oldepop (earder bekend as Helemaal Hollandsch) giet it om oermacht. Op sosjale media lit it team efter it festival witte 'ongekend teleurgesteld' te wêzen.

Min waar en stimproblemen

Troch de waarsomstannichheden koe it optreden fan sjonger Waylon net feilich delset wurde. De crew wie al wol op it Aldehoustertsjerkhôf, mar dy hat besletten dat it fanwegen it reinwetter en de wyn net koe. De band wie ûnderweis, mar is dus ek net kaam. Dat sy it net oandoarden is in kwestje fan akseptearje, seit Team Oldepop.
Flak dêrnei liet it management fan Tino Martin witte dat syn optreden ek net trochgean koe, om't de sjonger stimproblemen hawwe soe.

Juridysk ûndersyk

Foar de besikers wie it in swiere dobber. Jeroen van der Boom en René Froger wiene der wol, lykas de Fryske band Stageline. Mar dat twa fan de grutte nammen misten, skeat in soad minsken yn it ferkearde kielsgat.
It poadium dêr't Tino Martin en Waylon optrede soene © Oldepop
Guon binne skeptysk, om't Tino Martin earder op de jûn noch wol in oar optreden hie, foar in bedriuw yn Nijmegen.
De organisaasje fan Oldepop wol net folle sizze oer oft sy de redenen leauwe of net. Team Oldepop siket no út hoe't it juridysk sit, om te sjen oft sy noch jild werom krije kinne. Der binne tûzenen euro's betelle foar de artysten.
It is net de earste kear dat in Ljouwerter festival mei in gat komt te sitten troch folkssjonger Tino Martin. Ferline jier soe in optreden fan him útstjoerd wurde op Befrijingsfestival Fryslân. Mar syn sang wie falsk en guon tochten dat er buorrel tefolle op hie.
It festival keas foar in alternatyf en Tino Martin bea syn ekskuzen oan. Hy sei dat it minne optreden kaam trochdat er noch opknapte fan it coronafirus.
Op sosjale media skriuwe guon besikers it 'waardeloos' te finen en dat sy it gefoel hawwe te let berjocht krigen te hawwen fan de organisaasje.

Teloarsteld publyk

It hie meld wurde moatten by de kassa fuort nei't bekend wie dat de artysten net komme soene, skriuwt ien. In oar fynt it spitich tefolle konsumpsjemunten kocht te hawwen, mienend dat it programma folle langer duorje soe. De munten waarden net weromnaam.
© Oldepop
"Het is moeilijk om in woorden uit te drukken hoe teleurgesteld, terneergeslagen en verdrietig wij zijn over de verloop van deze omstandigheden. Hierdoor begrijpen wij ten zeerste hoe dit ook voor jullie voelt. Begrijp ook dat wij, net als jullie, hier een flinke kater aan overhouden en van een koude kermis thuiskomen", sa liet de organisaasje fan Oldepop sneon yn in ferklearring witte.

Fergees nei 90's XXL

De organisaasje wurket oan in oplossing, seit Veenstra. Publyk dat freed oanwêzich wie en dus net krige wer't it foar betelle hat, wurdt kompensearre. Minsken kinne sneon fergees nei it 90's XXL feest, as sy har Oldepop-kaartsje sjen litte.