Marten Bergsma, Dylan Drent en Erwin Zijlstra hawwe sneon de haadklassepartij yn Wommels wûn. De keatsers waarden troch inoar lotte. Foar Zijlstra, de PC-kening, fan it ôfrûne jier, wie dit ekstra spesjaal. It wie syn earste wedstriid nei in hamstringblessuere dy't him dit seizoen oant no ta oan de kant hold.
Tjisse Steenstra, Taeke Triemstra en Hendrik Kootstra waarden twadde. Remmelt Bouma, Kees van der Schoot en Evert Pieter Tolsma makken it poadium kompleet.