Noardfriezen freegje omtinken foar Frasch op skoalle op Friezentreffen Helgolân

Sa'n 200 Friezen út Noardfryslân, Ostfriesland en ús Fryslân binne dit wykein byinoar op it eilân Helgolân foar it trijejierlikse 'Friesendroapen'. It giet net allinnich oer taal en kultuer, mar ek om polityk.
De organisearjende Friesenrat (Fryske Rie) hat de needklok let oer de minne situaasje fan it Noardfrysk (Frasch) op skoalle. It tal bern dat les krijt yn dy taal is de lêste tsien jier mei de helte tebekrûn.
It Halunder, it Frysk dat praat wurdt op Helgolân, is ek slim bedrige. Der binne noch mar sa'n 120 sprekkers. Dy binne hast allegearre boppe de 60 jier of noch âlder.
De taal wurdt ek net mear jûn op de James Krüssskoalle, de iennige skoalle op it eilân. De lêste dosinte, Bettina Köhn (70), is trije jier ferlyn mei pensjoen gien. De direksje kin gjinien fine kin dy't de lessen jaan kin.

Foarsitter Ilse Johanna Christiansen fan de Friesenrat wol dêrom dat politisy yn de Dútske Bundestag it Noardfrysk net allinnich mei wurden stypje, mar ek mei jild om nije skoalboeken te meitsjen en om mear dosinten oan te nimmen.
Ferskate leden fan it Dútske parlemint komme dit wykein ek nei Helgolân om dêr mei-inoar en mei de Friezen oer te praten.

It Friesendroapen wurdt sjoen as in gaadlik poadium om de Dútske polityk yn beweging te krijen foar it Noardfrysk. Foarsitter Christiansen is dan ek bliid dat sa koart nei de coronapandemy safolle minsken út de trije Fryslannen nei Helgolân kaam binne, fertelt se yn har eigen Mooringer Noardfrysk.
Ferslachjouwer Onno Falkena op Helgolân yn petear mei Ilse Johanna Christiansen
It Friezentreffen duorret noch it hiele wykein. Sneontemiddei wurdt dêr in nij ynterfrysk liet presintearre troch de Fryske Band Baldrs Draumar.
Sneontejûn is de Fryke aksjekomeedzje Stjer te sjen oer de band De Hûnekop. De film is foar dizze gelegenheid yn it Dútsk ûndertitele. Fierders wurdt ek de Noardfryske film 'De kroech oan de Wiedau' fertoand.