Rykswettersteat skikt skeel Ofslútdyk foar 238 miljoen

Wurk oan de Ofslútdyk © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Rykswettersteat sil 238 miljoen euro betelje oan it konsortsium Levvel (Van Oord, BAM en Rebel) foar ekstra wurksumheden oan de Ofslútdyk.
De ekstra wurksumheden wienen nedich om't Rykswettersteat ferkearde ynformaasje oanlevere hie. Oer it ekstra wurk ûntstie in skeel tusken beide partijen, mar mei de fergoeding is dat no sa goed as oplost, meldt minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer.
Rykswettersteat sil de fergoeding foar in grut part betelje troch de opknapbeurt fan de spuislûzen út it kontrakt te heljen. Dizze wurksumheden sille opnij oanbestege wurde.
It totale budzjet om de Ofslútdyk te renovearjen, rint dêrmei op oant mear as twa miljard euro. Wannear't it folsleine projekt klear is, is noch net dúdlik. Wat wol dúdlik is, is dat der dizze simmer in protte oerlêst foar it ferkear wêze sil.