De Vries by de Formule 1: "Nooit zoveel voorbereid voor een uurtje trainen"

Nyck de Vries is klear foar de training © ANP
Koereur Nyck de Vries fan Twellingea hat syn debút makke yn de Formule 1. De Vries ferfong ploechgenoat Alexander Albon freed by de frije training op it sirkwy fan Barcelona.
De koereur fan Williams ried 28 testrûntsjes. Hy helle de achttjinde tiid. De Vries wie flugger as syn teamgenoat Nicholas Latifi.

Efkes spannend

"Het was niet makkelijk, ik kende de auto helemaal niet, maar ik denk wel dat ik fatsoenlijk werk heb geleverd", liet De Vries nei de training witte oan parseburo ANP. "Ik heb nog nooit zoveel voorbereiding gedaan voor een uurtje trainen, maar dit was een kans om te laten zien wat ik waard ben."
De Vries is regearjend wrâldkampioen yn de elektryske raceklasse. De training yn de Formule 1 smakket nei mear. "Wat de toekomst brengt, weet ik niet. Iedere coureur wil de Formule 1 in, maar het ligt gewoon niet in mijn handen."
De Vries fûn it wol efkes spannend, mar koe dat gefoel fan him ôfsette. "Vanaf het moment dat ik het vizier van mijn helm naar beneden klapte en de motor startte, vergat ik alles om me heen."