Fries Museum krijt nije bernedireksje

It Fries Museum hat in 'bernedireksje' krigen. Acht learlingen fan de Albertine Agnesskoalle yn Ljouwert sille it kommende jier meitinke oer de fraach hoe't it museum nijsgjirrich wêze kin foar bern.
De bern sitte yn groep 5 oant en mei 8 fan de skoalle. Sy binne útkeazen troch kampanje te fieren yn harren eigen klasse. De bern sille ûnder mear neitinke oer de programmearring fan it museum.