Provinsje iepenet sintrum om brêgen op ôfstân iepen te dwaan
It sintrum om brêgen yn Fryslân op ôfstân te betsjinjen is freed iepene. Ut it Swettehûs yn Ljouwert wei wurde yn de takomst sa'n 40 Fryske brêgen en slûzen betsjinne.
Deputearre Avine Fokkens iepene it gebou mei bouwer Biense Dijkstra.
Kapasiteit noch net folslein benut
De deputearre tinkt dat it wettertoerisme yn Fryslân stimulearre wurdt mei de iepening fan it nije sintrum. Boatsjeminsken hoege nammentlik net mear te wachtsjen oant in brêgewipper de brêge omheech docht. Dit wurdt no op ôfstân regele.
Oant no ta hawwe noch mar 19 brêgen harren by it projekt oansletten. "Met 19 bruggen kan het nog niet uit", seit de deputearre. "De intentie is echter dat er meer bruggen bij gaan komen, zowel provinciale als gemeentelijke bruggen."
De deputearre ferwachtet dat der yn de takomst sa'n 40 brêgen út it Swettehûs betsjinne wurde. Der is kapasiteit foar op syn meast 50 brêgen.