In stikje Frankryk by Foudgum: it belûkt de boarger by bioferskaat

Sinneblommen by de dyk del © ANP
By Foudgum en it Stienzer Aldlân moat oer 9 kilometer in lint fan sinneblommen komme. In Frânsk sfearbyld yn Fryslân, mei as doel om de boarger by it bioferskaat en boerewurk te belûken.
It giet om in inisjatyf fan Agrarysk Kollektyf Waadrâne en Wurkgroep Twirre. Der binne op dit stuit twa perselen by Fougdum en Stiens, mar der is romte foar mear boeren om har te melden.

Crowdfunding

It jild om it lint yn Noard-Fryslân foarinoar te krijen moat ophelle wurde fia crowdfunding. Minsken kinne ien of mear meters oan sinneblommen 'donearje.' Sa wurde sy ek belutsen by it wurk fan Waadrâne.
Sekretaris Gerard Fokkema fan Waadrâne leit út dat it plan groepen byinoar bringe moat. "De boarger fynt wolris wat fan de boer en de boer wolris fan de boarger. Wy sizze: je moatte der ferbining sykje. Om mei-inoar wat te dwaan foar it bioferskaat en de streek."
Sekretaris Gerard Fokkema fan Waadrâne
Foar de boer smyt it jild op, mar it kostet ek wat. "Dus de ynstek is dat it kosteneutraal is en dat der sa wat foar it bioferkaat dien wurde kin. It lân kin net brûkt wurde foar de produksje fan feefoer of foar gewaaksen dy't de ikkerbouwer wer ferkeapje kin, mar dat hoopje wy mei crowdfunding te kompensearjen."
De boer hat sels de kar yn wat er mei de sinneblommen wol. "Wy hawwe derfoar keazen om earst om perselen mais hinne te siedzjen. Boeren meie it meihakselje foar feefoer, mar meie it ek stean litte foar de winter."

Sinneblom moat de boarger oerhelje

Nei foarbyld fan oare regio's wurdt der mei sinneblommen begûn. "Der binne wol mear lânseigen blommesoarten dy't mear foardielen hawwe, mar de sinneblom hat in grutte oantrekkingskrêft op de boarger. Dus hooplik wurdt it sa'n sukses, dat wy fariearje kinne yn mingsels."