RTV NOF nominearre foar Lokale Media Award 2022

RTV NOF is yn de kategory Nijs & Eftergrûnen nominearre foar in Lokale Media Award. Dat is in sjoernalistike priis foar lokale media.
It ferhaal wêrmei't RTV NOF de priis yn 'e wacht slepe wol, is de reportaazje oer de famylje Van der Wal. Harren houthannel en wenhûs yn Noardburgum baarnde yn maaie 2021 folslein ôf. In dei letter fertelden eigeners Lieuwe en Akkelien van der Wal harren yndruk meitsjende ferhaal foar de kamera's.

Presintaasjetalint

Earder waard al bekend dat RTV NOF-presintatrise Carina Roemers út Dokkum nominearre is yn de kategory 'Presintaasjetalint fan 2022'. De sjuery priizget har rol yn it programma 'Wat een Vak', dêr't se mei ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân meirint dy't bysûnder wurk hawwe.
"Twa nominaasjes yn in lanlike kompetysje, foar it relatyf lytse RTV NOF, dat is echt geweldich nijs", lit foarsitter Marco Keizer fan de omrop witte. " It ûnderstreket nochris dat de wei dy't we ynslein binne mei pilots en gearwurkingen mei Omrop Fryslân en de NOS fertuten docht."
Op freed 10 juny wurde de Lokale Media Awards útrikt yn Beeld en Geluid yn Hilversum.