Ljouwerter fertocht fan ynfieren fan hast 600 kilo kokaïne

Syntetyske drugs © ANP
In 40-jierrige man út Ljouwert sit fêst om't hy fertocht wurdt fan it ynfieren fan 597 kilo kokaïne fia de haven fan Antwerpen. De drugs waarden op 3 maaie ûnderskept troch de Belgyske autoriteiten.
De Ljouwerter waard in dei letter oanholden. Hy kaam yn byld yn in ûndersyk fan de plysje Noard-Nederlân. De plysje kaam dêryn it drugstransport op it spoar nei it kreakjen fan geheime berjochten.

Syntetyske drugs

De man bliuwt de kommende njoggentich dagen fêstsitten. It Iepenbier Ministearje fertinkt him net allinnich fan it ynfieren fan kokaïne, mar ek fan it opsetten fan laboratoaria wêryn't syntetyske drugs produsearre wurde.
De Ljouwerter soe ek belutsen west ha by in drugslaboratoarium yn Miedum dat yn jannewaris 2021 ûntmantele waard. Dêr waarden ek grûnstoffen foar de produksje fan methamfetamine (in syntetyske drug) fûn.

Noch twa Friezen oanholden

Njonken de Ljouwerter binne ek in 50-jierrige man út Drachten en in 39-jierrige man út Ljouwert oanholden. Sy binne wer frijlitten, mar bliuwe fertochten yn de saak.
It IM en de plysje docht fierder ûndersyk. Mear oanhâldings wurde net útsletten.