HEA! Izerflechters
Se fine it machtich moai wurk. Eelco de Grijs en Kevin Land binne izerflechters. Foar in nij hûs yn De Broek flechtsje se it izer foar de fundearring.
Izerflechtsje is in slach en dat moatst even leare, fertelt Eelco. Kevin fynt it moai wurk. Bist de hiel dei bûten en it is swier wurk, dus hy kin syn enerzjy goed kwyt.