Frijwilligers helpe Oekraynske striders: "De oarloch giet my oan it hert"

Oekraynske frontstriders mei it materieel fan UAO krige (út feiligens binne se ûnwerkenber makke) © Ukraine Aid Operations
Kûgelfrije festen, medysk materieel en oar libbensrêdend guod: de organisaasje Ukraine Aid Operations (UAO) regelet it foar de striders oan it Oekraynske front. Mear as fjirtich frijwilligers fan oer de hiele wrâld binne dêrby oansletten, ien fan har is Sytske de Boer út Ljouwert.
Fanwege de oarloch mei Ruslân ha de soldaten yn Oekraïne bot ferlet fan beskermjende middels. Ukraine Aid Operations stiet yn direkt kontakt mei de stridende ienheden en dy jouwe oan de organisaasje troch wat se nedich hawwe.
De Boer is yn it deistich libben direksjelid fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang . Binnen de UAO docht se foaral de kommunikaasje mei media en sponsoaren. It is hiel wat oars en ek hiel weardefol, fynt se.
"De oarloch dêr giet my oan it hert. Ik bin bliid dat ik wat dwaan kin om de Oekraïners te helpen, dat se net sûnder beskermjende middels de striid yn hoege." Der is it meast ferlet fan jild. "As minsken helpe wolle, kinne se it bêste in donaasje dwaan."
It sammeljen en oankeapjen fan beskermjende materialen en it koördinearjen is yn april begûn doe't in grut tekoart ûntstien wie. Inisjatyfnimmer Harri koe it net oansjen dat soldaten fjochtsje moasten sûnder deeglike beskermmiddels. Hy kocht stiel yn en regele dat dêr 1.200 kûgelfrije platen fan makke waarden.
Fia Twitter melden frijwilligers en stipers út de hiele wrâld har oan. Mei-elkoar ha se de organisaasje oprjochte en yntusken hat de UAO mear as 8.800 folgers.