Jankobus Seunnenga krijt Ina Dammanpriis foar fertolkingen Vestdijk-gedichten

Jankobus Seunnenga © Eigen foto
De Ina Dammanpriis giet dit jier nei sjonger Jankobus Seunnenga foar syn fertolking fan de gedichten fan Simon Vestdijk.
De priis is in bekroaning foar de bêste stúdzjes oer Simon Vestdijk of foar goeie oersettings fan syn wurk. Neffens de sjuery fertolket Seunnenga de gedichten op 'indringende wijze' en dêrtroch wurde se foar in breed publyk tagonklik. Hy hat se ek op ferskillende cd's fêstlein.
"Het is een mooie erkenning voor waar ik mee bezig ben", seit Seunnega. "Ik werd een paar maanden geleden opgebeld met de vraag of ik de prijs wilde accepteren. Het bestuur van de Vestdijkkring was het er namelijk unaniem over eens dat ik die prijs moest hebben."
Simon Vestdijk yn 1965 © ANP
Oare winners binne Wim Hazeu dy't in biografy oer Vestdijk skreau, skriuwer Maarten 't Hart en museum Het Hannemahuis yn Harns dy't omtinken foar de skriuwer hat.
De priis wurdt op 25 juny útrikt op it literêre festival Vestdijk yn Harns. Dan wurdt ek de 22ste Anton Wachterprijs foar it bêste literêre debút útrikt. Dy winner is noch net bekend. De priis is in byldsje fan Ina Damman, makke troch Mieke Vestdijk, de frou fan de skriuwer.
Skriuwer Simon Vestdijk (1898-1971) waard berne yn Harns en groeide dêr ek op. De namme fan de priis ferwiist nei de roman Terug tot Ina Damman út 1934 fan Vestdijk.
Jankobus Seunnega oer syn priis