De Hoop fynt busferfier in basisrjocht en hopet op byfal út de regio

Habtamu de Hoop © ANP
PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fynt de tagong ta iepenbier ferfier in basisrjocht. Dêrom hat er mei in soad bombaarje in 'aksjeplan' presintearre, yn de hoop op byfal fan oare partijen.
De Hoop is fan betinken dat it belied fan hjoed-de-dei tefolle rjochte is op 'rendemintstinken.' Hy seit: "Der wurdt fierstente bot sjoen nei de kille, hurde sifers fan hoefolle minsken de bus pakke. Sûnder te sjen nei watfoar funksje dy bus krekt ferfollet yn it doarp."
Yn in soad lytse kearnen ferdwine de buslinen, wêrtroch't it dreger wurdt foar minsken om nei it wurk of nei it sikehûs te gean. "Ik tink dat wy tefolle ferjitte hoefolle minsken der wol net ôfhinklik binne fan it iepenbier ferfier. Minsken dy't krekt net genôch jild hawwe om in auto te keapjen, minsken sûnder rydbewiis."

Wommels kin gjin stazjêrs krije

It Twadde Keamerlid iepene in healjier lyn in meldpunt by de PvdA. "Je skrikke fan de ferhalen dy't je binnen krije. Sa wie in frou spesjaal ferhuze nei Bitgummole om by bus 71 maklik ynstappe te kinnen. Sy kaam letterlik 15 meter fan de bushalte ôf te wenjen, sa't sy maklik nei it wurk ta koe. Mar twa jier letter waard dy busline skrast."
In oar foarbyld is Wommels, dêr't De Hoop sels weikomt. "In basisskoalle yn Wommels kin hast gjin stazjêrs mear fine, om't de bushalte yn it doarp fuorthelle is. Stazjêrs moatte dan in kertier rinne: ja, dan geane je wol nei in oare skoalle ta. Sa sjogge je dat iepenbier ferfier hiel wat docht mei de leefberens yn doarpen."
De bus rydt De Hoop foarby, yn in filmke fan de PvdA © Partij van de Arbeid
Foar it iepenbier ferfier komt der in drege tiid oan. Yn de coronakrisis is der besunige en ynkoarten rint de subsydzje ôf fan de oerheid foar ferfierders om de boel noch wat draaiende te hâlden. "Dan leit yn it foarútsjoch dat der 15-20 persint fan de halten aanst skrast wurdt. Yn Gelderlân giet it sels nei 30 persint ta."
De Hoop tinkt dat dit benammen op it plattelân in grutte wjerslach hat. "Ik fyn it tekenjend foar de ûngelikenens tusken de provinsje en de Rânestêd op it mêd fan iepenbier ferfier."
Ein ferline jier wie De Hoop tige kritysk op it belied fan deputearre Avine Fokkens, dy't besleat in bushalte yn De Westereen te skrassen. Sy smiet it op de coronakrisis, mar dat wie neffens De Hoop 'te maklik.'

Gemeentlike regelingen

Dêrom pleitet De Hoop foar in minimum, in ûndergrins foar wat der mooglik wêze moat mei iepenbier ferfier. "Ik begryp sels ek echt wol dat net yn elts Frysk doarp in bushalte stean kin dêr't trije kear deis in bus del komt", seit hy. Dêrom hopet it Twadde Keamerlid fat gemeentlike regelingen soelaas biede.
"Der binne in soad gemeentlike regelingen wêrmei't minsken mei de bus kinne, lykas de WMO, WIA en learlingeferfier. Dat binne allegearre aparte buskes út aparte regelingen en subsydzjestreamen. Dêr kinne je wetjouwing makliker meitsje, om it ferfier te kombinearjen. Der binne al eksperiminten, mar dêr wol ik mear jild foar frijmeitsje."
PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop
Dan wol De Hoop ek nochris dat it iepenbier ferfier goedkeaper wurdt. "It iepenbier ferfier yn Nederlân is it djoerste fan hiel Europa. Wy fine dat minsken mear mei it iepenbier ferfier moatte, foar it klimaat en mei de hege brânstofprizen. Dan moatte je wol soargje dat minsken it iepenbier ferfier betelje kinne."
De fraach is lykwols hoe reëel dit is yn tiden fan ynflaasje en krapte. Mar De Hoop fynt fan wol. "De CDA-steatssekretaris komt út Limburch wei en sy is ek ien út de regio wei. Dus ik tink dat sy it belang sjocht." Ek hopet er op stipe fan it CDA, om't de Fries Harry van der Molen ek yn deselde kommisje sit.