Teäterselskip fan Mads Wittermans hat fêste útfalsbasis yn Frjentsjer

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
Akteur Mads Wittermans hat mei syn teäterselskip Theater Producties Wittermans teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer keazen as fêste útfalsbasis. De gearwurking soarget foar beide partijen foar mooglikheden yn it produsearjen fan nije foarstellings.
Ein 2018, begjin 2019 waard it selskip Theater Producties Wittermans oprjochte troch Mads Wittermans. Hy fernaam hoe't de tiid foarby fleach as akteur. Om oan syn eigen produksjes takomme te kinnen besleat hy doe in eigen teäterselskip op te rjochtsjen.

Ut de drokte wei

Frjentsjer wie dêrfoar de perfekte lokaasje: út de drokte fan de grutte stêden wei, yn de romte en mei genôch skjinne lucht wie foar him de perfekte plak om syn kreativiteit floeie te litten. Dêrneist leit it sintraal genôch dat syn kollega's en hy út Grins en Amsterdam wei op en del reizgje kinne.
Mads Wittermans oer de gearwurking mei De Koornbeurs
It foardiel fan de gearwurking foar De Koornbeurs is dat de kulturele ynstelling no ek sels stikken produsearje kin, yn stee fan allinnich foarstellingen yn te keapjen en films sjen te litten. "De deuren kunnen open en een warmbloedige stroom van creatieve mensen kunnen de vloer overnemen," seit Wittermans.

'Een complexe dag in een simpel heelal'

It earste stik dat Wittermans syn selskip opfiere sil, hjit 'Een complexe dag in een simpel heelal'. It giet yn premjêre op 2 septimber op de earste dei fan it Fryske teäterfestival mei de namme Overmorgen.
Earder spile Mads Wittermans mei syn heit Joop Wittermans yn it stik Vader en Zoon by Tryater.
Mads en Joop Wittermans yn 'Vader en Zoon' © Tryater, Florian Cats
Direkteur fan De Koornbeurs Titia Huisman is ek entûsjast oer de gearwurking. It teäter wol mear betsjutte foar artistyk talint, sawol foar amateurselskippen as foar profesjonele. Bygelyks soarget it foar profesjonele begelieding foar amateurselskippen by it opsetten fan produksjes, sadat dy dêrnei yn it tëater sjen litten wurde kinne.
Neist amateurselskippen wol De Koornbeurs ek profesjonele selskippen stypje. Op dy wize is der in gearwurking ûntstien tusken it teäter en it profesjonele teäterselskip fan Wittermans.