Dûnsoplieding Friesland College hâldt mei spesjale foarstelling op yn Ljouwert

© Friesland College
De dûnsoplieding fan it Friesland College yn Ljouwert hâldt mei in feestlike foarstelling op. Troch in reorganisaasje fan artyste-opliedingen giet dûns folslein nei Grins ta.
De oplieding foar akteur sil foar it grutste part nei Ljouwert ta gean en de oplieding ta muzikant bliuwt yn Zwolle, Grins en Ljouwert.
De reorganisaasje soarget foar mingde gefoelens, mar it is ûnderdiel fan in breder pakket mei in grutter doel. "Het is jammer als een opleiding stopt, maar er zit ook wel iets in van: niet in tranen terugkijken, maar met plezier", seit Jan Dijksma fan it Friesland College.

Oansluting op de arbeidsmerk

In wichtich doel fan de reorganisaasje is nammentlik in goeie oansluting fan de opliedingen op de arbeidsmerk. Yn 2019 konkludearre de minister fan Underwiis dat de ynstream mear beheind wurde moast: der wiene tefolle studinten yn ferliking mei wurk op de arbeidsmerk. Dêrom moast de ynstream fan kreative stúdzjes beheind wurde.
© Friesland College
It Friesland College hie ek al in beheining fan de ynstream fan nije studinten. De dûns- , teäter- en muzykopliedingen hienen allegear al in numerus fixus, in seleksjeproseduere om de meast serieuze en talintfolle studinten ta te litten. "Juist om ervoor te zorgen dat je zinvol opleidt, en het niet een pretstudie wordt", seit Dijksma.

Ynfloed fan de pandemy

Wat fansels net meinaam is yn it idee fan 2019 om de kreative stúdzjes op de skop te nimmen is de coronapandemy en de gefolgen dêrfan foar de arbeidsmerk. Foar de kreative opliedingen hie de pandemy as gefolch dat de oanwaaks lytser wie.
Mar de arbeidsmerk yn de kulturele en evenemintesektor is troch de pandemy feroare. De sektoarenn dêr't de studinten úteinlik har wurk yn fine, yn de muzyk, as event manager, yn de poadiumtechnyk: alles is ûnder druk kommen te stean.
Jan Dijksma oer de reorganisaasje fan de kreative opliedings:
© Friesland College
Dijksma: "Je ziet dat het niet enorm aantrekt aan alle kanten, en dat er ook grote tekorten ontstaan. Evenementen en festivals kunnen niet of moeilijk doorgaan omdat er gewoon onvoldoende mensen zijn om dit soort dingen te doen. Door corona hebben bedrijven andere activiteiten en manieren moeten zoeken om mensen te bereiken, je hebt ook mensen nodig die dat kunnen organiseren. Na een deuk in het imago zie je ook een opleving en dat allerlei mensen hard nodig zijn."

Lêste foarstelling

De lêste foarstelling fan de dûnsoplieding is op 22 maaie te sjen yn De Harmonie. Yn sa'n fiif kertier komme fyftjin ferskillende goreografyen foarby.