Debat oer rûnwei Wânswert wie foaral in fraachbaak: "Tiid foar aksje"

Wânswert © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân sit fol fragen oer it prinsipebeslút oer de rûnwei fan Wânswert. Nei 25 jier praten binne alle partijen it der wol oer iens dat it tiid is 'om de skeppe yn de grûn te setten'.
'It Debat' yn Kollum waard tongersdeitejûn net echt in debat, it like mear op in fraachbaak oer it trasee dat foarsteld is.
"Dit is in jûn om mei elkoar te debattearjen", iepene boargemaster Kramer noch. Al yn de earste termyn die bliken dat de fraksjes fol mei fragen sitte. De fjouwer ynsprekkers dy't de fraksjes, foardat se it debat iepenen, foarseagen fan de lêste ins- en outs út it doarp, hiene úteinlik net in soad ynfloed op it debat.
Dat de oanlis fan de rûnwei om Wânswert hinne in dreech punt is, die wol bliken út it lange trajekt. Yn totaal is al mear as 20 jier praat oer de oanlis fan de dyk. Ald-wethâlder Theo Berends hat him yn de ôfrûne riedsperioade fokusse op dit dossier en kaam yn it riedsfoarstel mei in ûnderboud trasee.

In soad fragen

Alle partijen wiene it yn prinsipe iens dat de rûnwei om it doarp hinne der sa gau mooglik komme moat. Allinnich libje oer it prinsipebeslút noch in hiel soad fragen. Ruurd Jan Torensma fan SIN fjurre in list mei fragen ôf: "Hoe wurdt sjoen nei feiligens? En de snelheid op de dyk? Hoe komt it op en mei de krusingen?"
Dêrmei ûnderstreke er it gefoel wat by ferskate ynwenners fan Wânswert en omlizzende doarpen libbet. Frou Akkerman spruts yn út namme fan skoalgeande bern. "Hoe komme de bern aanst feilich oan op skoalle yn Burdaard?" Op de krusingen fan de Hikkaarderdyk barre nammentlik relatyf faak ûngelokken en der liket op de traseetekening net folle rekken hâlden te wêzen mei fytsers.

Nei 25 jier kûgel troch de tsjerke?

Foarsitter fan Doarpsbelang Wânswert hope dat de dyk der ek gau komt. "Zou het na 25 jaar dan toch bijna zo wezen? Wij hopen het in ieder geval van harte. We zijn ergens blij verrast dat dit stuk nu zo voor ons ligt. Wel moet er worden gekeken naar de landsgrenzen, dat die in de aanleg worden gevolgd. Dat geeft meer draagvlak bij de bevolking en hoeft helemaal niet duurder te zijn."
Trasee nije rûnwei om Wânswert hinne © Gemeente Noardeast-Fryslân
Nei it kosteplaatsje sjend is dat yntusken ferdûbele. Neffens Anton Buwalda fan de FNP moat op dit stuit rekken hâlde wurde mei 11 miljoen euro oan kosten, yn stee fan 5,4 miljoen dat earder rûsd wie. "En dat sil fermoedlik yn dizze merk noch folle mear wurde. De seis ton fan de provinsje dy't tasein is, is basearre op it âlde idee."

Provinsjale of gemeentlike dyk?

It trasee moat de ferbining wurde tusken de Lauwersseewei - N361 by Stienendaam en Ljouwerterdyk - N357 by Marrum. It giet ynearsten om it prinsipe-beslút, want ek de bestimmingsplanproseduere moat noch yngien wurde.
Theo Berends
Wethâlder Pieter Braaksma joech yn syn lêste termyn fan doe noch riedslid fan Gemeentebelangen noch efkes in koarte blik op it dossier. "Dit giet om in prinsipe-beslút minsken, hâld dat yn de efterholle. Der leit úteinliks net mear fêst as it prinsipe."
Jan Dekkema fan de ChristenUnie frege him ôf oft it no om in gemeentlike of provinsjale dyk giet. "Dat wolle wy ek noch oan de oare fraksjes freegje, wat sy dêrfan fine." De provinsje hat yn prinsipe altyd oanjûn dat it om in gemeentlik dossier giet, omdat de dyk dy't no troch Wânswert rint ek gemeentlik is.

"Tiid foar aksje"

"It persintaazje swier ferkear dat troch ús doarpke rydt, dêr't de dyk like breed is as it ark efter de trekker oan, is hast gelyk oan wat op in provinsjale dyk rydt. Dat is gefaarlik, foar ús bern en ynwenners. Nei 25 jier fan praten, is it tiid foar aksje. Ik sels bin hjir no tolve jier mei dwaande en sil de handoek net yn 'e ring smite," beslút omwenner Terpstra. At it amtlik apparaat der yn slagget om alle skriftlike fragen op 'e tiid te beantwurdzjen, wolle de politike partijen yn Noardeast woansdei 25 maaie in beslút nimme oer it trasee.