Húsdokters hawwe it te drok en fiere aksje: "We zijn er helemaal klaar mee"

Húsdokters hawwe it te drok
Húsdokters binne poerlilk en komme yn aksje. Dat dogge se net gau, mar it wurk wurdt har fierstente folle.
Se ha net genôch tiid mear foar de pasjinten, omdat se alles ferantwurdzje moatte. En al in skoft krije se mear en mear taken, mar hieltyd minder jild. Op 1 july demonstrearje se op it Malieveld yn Den Haag.
In húsdokter yn aksje © ANP
Foarsitter fan it organisearjende komitee is Igor Monzón, húsdokter yn Ljouwert. "In vergelijking met andere landen worden veel zaken bij de huisarts afgehandeld, de eerste lijn, zodat we niet veel mensen doorsturen naar het ziekenhuis. Maar in plaats dat deze zorg wordt gekoesterd, is er steeds meer op beknibbeld en hebben we er veel taken bijgekregen."

Húsdokters falle om

Troch dy oerbelêsting falle in soad húsdokters om. "We zijn boos dat het zover is gekomen, de ziektekostenverzekeraars hebben er echt een potje van gemaakt. Ik werk vijf dagen per week en ik moet daarnaast nog eens twee diensten erbij doen. Dat is niet menselijk."
Igor Monzón
Se moatte sifers fan wat se dogge, oanleverje oan de syktekostefersekerders. "De onderliggende gedachte is 'jullie zullen wel ergens een beetje frauderen'. Dat voelt niet fijn en we zouden minder administratieve belasting krijgen, maar dit is juist extra."
De dokters fiere net graach aksje troch de doar te sluten. "Maar we zijn er helemaal klaar mee. De bedoeling is dat er een actieweek komt, ook met lokale acties. We zijn ervan overtuigd dat patiënten ook doorhebben dat het niet goed gaat met de huisartsen. Als je huisarts omvalt, is dat voor niemand goed."