Partijen yn Achtkarspelen botse yn spoeddebat oer koälysjeûnderhannelingen

It gemeentehûs fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De potinsjele koälysje- en opposysjepartijen yn Achtkarspelen botsten tongersdei flink by in spoeddebat yn de riedseal yn Bûtenpost. Dêr waard sprutsen oer it ferrin fan de koälysjeûnderhannelingen, mar in konkrete oplossing bleau út.
It spoeddebat waard oanfrege op inisjatyf fan de ChristenUnie, stipe troch PvdA, GroenLinks, PVV en Forum voor Democratie. Neffens dy partijen is der gjin of te min romte foar harren ynbring yn de plannen fan de potinsjele koälysje. En dat wylst in riedsbreed akkoart, neffens de partijen, wol de ôfspraak wie.
Op advys fan ynformateur Joop Atsma waard in gearwurking tusken it CDA, de FNP en Gemeentebelangen oandroegen as potinsjele koälysje yn Achtkarspelen. Dy trije partijen binne dêrnei it formaasjeproses yngien. Sy soene har dêrnei net in soad mear oanlutsen ha fan de oare partijen, neffens Toos van der Vaart fan de ChristenUnie.

"Wy witte noch neat"

"Wy ha it deroer hân dat der mear fertrouwen yn de polityk komme moat", sei Van der Vaart oan it begin fan it spoeddebat. "Der is yn it duidingsdebat yn maart sein dat alle partijen meitinke koene, dat der in riedsbreed akkoart komme moast. Mar yntusken witte wy noch neat, wylst dat wol ôfpraat is. Wy krigen ferline wike allinne in mail om spearpunten oan te leverjen. Dat wie net de bedoeling en dêrom binne wy hjir jûn."
Toos van der Vaart fan de ChristenUnie
Spoeddebat © Omrop Fryslân, Mats Gies
Neffens Sierd Vegelin fan Gemeentebelangen ha alle partijen wol deeglik meardere kearen de kâns hân om harren stânpunten nei foarren te bringen. "Der ha ferskillende petearen plakfûn tusken alle partijen en de ynformateur, fertroulike petearen. Elkenien hat de kâns hân om input te jaan foar it programma, dat trouwens hielendal noch net fêst stiet. Ik tink dat de partijen hjoed in bytsje foar harren beurt sprutsen ha."

Koälysje-akkoart

Wannear't de partijen yn Achtkarspelen in definityf koälysje-akkoart presintearje kinne, is net dúdlik. De toan fan it spoeddebat makket brede gearwurking yn de ried der net makliker op. "Soms moat it pine dwaan foardat it better wurdt, litte wy it sa dan mar besjen", neffens Van der Vaart.
Sierd Vegelin fan Gemeentebelangen