Hearrenfean yn blessueretiid te sterk foar AZ

Sydney van Hooijdonk is út 'e skroeven © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean is de play-offs om Europeesk fuotbal goed úteinset. Tsjin AZ waard it 3-2. Snein falt de beslissing yn Alkmaar.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg, Kaib; Haye, Halilovic, Tahiri; Van Hooijdonk en Sarr.
AZ wie de bettere ploech yn de iepeningsfaze. De ploech krige fia Vangelis Pavlidis ek de earste kâns, mar hy skeat de bal foardel.

Net in soad kânsen

Yn de 22ste minút wie Hearrenfean foar it earst gefaarlik. Thom Haye draaide goed fuort by syn tsjinstanner en skeat mar krekt njonken. Beide ploegen krigen yn de earste helte fierder net in soad kânsen. Al wie AZ noch wol driigjend mei in ôfstânsskot fan Pantelis Hatzidiakos.
Tibor Halilovic yn duel mei Dani de Wit © Orange Pictures
Nei it skoft kaam Hearrenfean goed út de klaaikeamer. Yn de 58ste minút waard dat beleanne mei in doelpunt. Thom Haye sette goed troch yn it strafskopgebiet en joech de bal foar. Fia keeper Peter Vindahl Jensen kaam de bal sa yn de fuotten fan Sydney van Hooijdonk. Hy hoegde de bal der allinnich noch mar yn te tikjen: 1-0.

Foarsprong fluch ferdwûn

Twa minuten letter wie it lykwols alwer lyk. In ôfstânsskot fan Hakon Evjen wie Hearrenfeandoelman Erwin Mulder te machtich. Yn de 65ste minút waard it noch slimmer foar Hearrenfean: Dani de Wit kopte de bal foar de goal en Pavlidis skeat fan tichteby raak: 1-2.
Thom Haye hellet út © Orange Pictures
Nei de goal die Hearrenfean der alles oan om wer op likense hichte te kommen. Dat like net te slagjen, mar yn de 90ste minút foel de 2-2 dochs noch. Ibrahim Dresevic spile de bal nei Rami Al Hajj, dy keatste him nei Amin Sarr. De Sweedske oanfaller skeat de bal der op fraaie wize yn.

Ek noch 3-2

Dêrmei wie it noch net dien, want djip yn blessueretiid pakte Hearrenfean ek noch de oerwinning. Tibor Halilovic helle fan de râne fan it strafskopgebiet út en de bal fleach prachtich binnen: 3-2. Dêrnei wie it fuort ôfrûn.
As Hearrenfean snein by de return yn Alkmaar minimaal in punt pakt, dan pleatst it him foar de finale fan de play-offs. Dêryn wachtet de winner fan de wedstriid tusken FC Utrecht en Vitesse.