Asbest fûn op kampearterrein Stortemelk op Flylân

Camping Stortemelk op Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
By wurksumheden op it terrein fan camping Stortemelk op Flylân binne stikjes asbest fûn. Dat skriuwt de direksje fan de camping yn in brief oan de kampearders.
De camping hat it terrein oanpakke litten om wetteroerlêst foar te kommen. Dêrby waard de grûn flink losmakke.

Kontrôles

By dat proses kamen der ûnder mear stikjes glês nei boppen, mar dus ek asbest. De camping hat it guod fuorthelle en sil de kommende tiid regelmjittich kontrolearje oft der wer asbest leit.
De camping jout oan yn petear te wêzen mei ferskillende ynstânsjes om te bepalen oft der ek maatregels nommen wurde moatte.