Bouboeren fiere feest troch rein: "Mar ien drip is noch gjin swimbad"

Bouboeren bliid mei de rein
Feest by de bouboeren om't it foar it earst yn wiken wer reint. De problemen binne lykwols noch net oplost, want der moat noch in soad wetter falle.
De rein soarget foar lucht by de bouboeren. Sûnt 19 april hat it net mear reind yn Fryslân. "Dat terwijl een aantal gewassen net gekiemd zijn," seit foarsitter fan LTO Noord Tineke de Vries.
"In het begin wil je water hebben, want dat is cruciaal voor de vrucht of de groente. Zonder water komt een gewas als uien niet goed tot ontwikkeling. Daar hebben boeren zich uiteraard wel zorgen over gemaakt. Je bent wel iets gewend als boer en je weet dat je het weer niet kunt bepalen, maar toch werd het hoog tijd voor een beetje regen."

"De grond kan het water niet opnemen"

De rein is wolkom, mar te folle mei der net falle. Dat is ek wer min foar de gewaaksen. "Het probleem is dan dat het gewas juist niets opneemt als het zo droog is. De grond kan het water niet opnemen en stroomt de sloot in."
It delslachtekoart yn mililiters © Omrop Fryslân, Remy de Boer
De rein dy't falt, is lykwols net genôch foar in kompensaasje fan it delslachtekoart, seit waarman Jan Jonkman. "As der in moanne lang gjin drip rein falt, dan hat dat in grutte ympakt. Der ferdampt altyd in pear mililiter de dei en by 30 dagen tekoart sitte je dan al rap op hûndert mililiter. We ferwachtsje de kommende dagen noch wol wat, mar dat is lang net genôch. Der mei wol mear komme foar de bouboeren."
It delslachtekoart troch de jierren hinne © Omrop Fryslân, Remy de Boer