Fryske assistint-skiedsrjochters De Vries en Steegstra selektearre foar WK fuotbal
Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk binne troch it wrâldfuotbalbûn FIFA as assistint-skiedsrjochter oansteld by it WK fuotbal dat takom novimber úteinset yn Katar.
De Vries en Steegstra sille dêr skiedsrjochter Danny Makkelie bystean. It WK fuotbal is dit jier fan 21 novimber oant en mei 18 desimber.