HEA! Fokko Span syn bysûndere leafde foar hynder Mentha

Fokko Span hat in grutte leafde foar country en western, mar ek foar hynders. Yn 2007 hie hy Calimero, it lytste hynderke fan Nederlân dat hy krigen hie op syn jierdei.
HEA! Fokko Span
Mar Fryske merje Mentha is syn echt grutte leafde. Dat hynder hat by him noch altyd in spesjaal plak.
Calimero is yntusken ferkocht en Mentha is ferstoarn yn 'e âldens fan 32 jier. Span hat in soad aventoeren belibbe mei har en hy beskôge it hynder as syn bern. Ofskied nimme wie tige dreech en hy hat Mentha opsette litten. Sa is se noch altyd tichteby.