Reggae sit DJ Glamma Willy yn it bloed: "De muziek is voor mij de hemel"

Yn 1989 rjochte Glamma Willy tegearre mei Erwin Feitsma Jah Sound International op. Sa woenen se reggae op de kaart sette yn Fryslân. Sûnt dy tiid is Willy, dy't eins Wilfridus Johannes Maria Veldberg hjit, dwaande mei de muzyk.
Willy groeide op yn Hurdegaryp, dêr't er mei syn adopsjeâlden en adopsjebroerke wenne. As poppe waard er ôfstien en adoptearre. Syn woartels lizze yn Suriname.

Doarpslibben

Yn Hurdegaryp hat Willy in moaie, rêstige jeugd hân. "Als je in een dorpje opgroeit zie je de natuur, de boeren; je gaat polsstokspringen en eieren zoeken. Dat kun je allemaal gewoon in de omgeving doen. Ik denk dat dat goed is voor een kind."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Doe't Willy 12 jier wie, hearde er foar it earst Bob Marley op de radio. Hy wie swier ûnder de yndruk. Hy ferdjippe him doe yn de reggaemuzyk. "Bij platenzaak Bij de Put kocht ik platen. Met twee van die telefoontjes tegen je oren kon je nieuwe muziek leren kennen: een hele wereld ging voor me open. Het was een hele beleving om muziek te kopen."

Platen draaie

Yn de jierren '80 ferhuze Willy mei syn mem nei Ljouwert. Dêr learde er ek it nachtlibben kennen. "Iedereen was expressief en verschillende stijlen en culturen kwamen bij elkaar dankzij de muziek. Dan zag je mensen platen draaien en dat vond ik geweldig. Ik kwam vaak in discotheek Het Vat. Dat was een heel leuke tijd."
Willy oer de oprjochting fan Jah Sound International
Twa jier letter begûn Willy sels ek platen te draaien. Yn 1989 rjochte er tegearre mei Erwin Feitsma Jah Sound op. Dêr draaiden se reggaemuzyk. Yn 1990 reizge Willy ôf nei Jamaika, dêr't er allerhanne singles ynkocht. "In 1990 kostte een singletje in Jamaica zo'n 2 euro, ik heb er voor 400 euro gekocht."

Brânend wetter

De DJ's op Jamaika makken allegearre gebrûk fan in eigen lûdsysteem. "Mensen schreeuwden en dansten op de daken. Het was voor mij de hemel en ik wilde er alles van weten." Yn de tiid dat Willy op Jamaika wie, hat er alle details fan it miksen fan reggae leard. "Toen ik dat wist, wilde ik er direct mee beginnen."
Glamma Willy yn petear mei Willem de Vries © Noardewyn
Willy naam alles wat er learde mei nei Fryslân. "Iedereen moest het weten en iedereen moest het horen, ik wilde draaien en feesten organiseren."
Jah Sound International is begûn yn de Ljouwerter klup de Brouwershoek. "De eerste drie à vier party's waren een drama qua bezoekers, maar de mensen die er waren, waren echt nieuwsgierig en gepassioneerd. Op een gegeven moment is het gegroeid en waren er wel 150 man per avond."

Poppriis

Dit hawwe se santjin jier folhâlden. Se hawwe yn Nederlân, mar ek dêrbûten draaid. "We hebben zelfs nog de Friese Popprijs gewonnen."
Nettsjinsteande alle suksessen is Willy dochs yn it noarden bleaun. "In de Randstad zou ik doodongelukkig zijn. Toen ik jong was, heb ik wel overwogen om langere perioden in Jamaica te blijven, maar ik kreeg een relatie en kinderen."
Mei de tiid waard Jah Sound minder populêr. "Het was een natuurlijk verloop: door de digitalisering werd het minder uniek. Daarom ben ik overgestapt naar zelf evenementen organiseren. In Groningen zit nu het grote publiek."
Willy sil altyd yn de reggae oan 'e gong bliuwe: "Totdat ik erbij neerval."