Underwiisynspeksje jout CSG Comenius Mariënburg stimpel 'tige swak'

Comenius Mariënburg © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ûnderwiisynspeksje hat CSG Comenius Mariënburg yn Ljouwert it predikaat 'tige swakke skoalle' jûn. De skoalle neamt de útkomst "heel teleurstellend" en wol it ûnderwiis binnen in jier wer op nivo hawwe.
Comenius is de iennige skoalle yn Fryslân dy't it predikaat 'tige swak' krige hat. "Ik fernim dat it wat docht mei de minsken", seit rektor Cees Vogelvanger fan de skoalle. "Se binne belutsen mei de skoalle, mar it bringt net it winske effekt."
Yn in brief nei de âlden lit de skoalle witte dat de ynspekje benammen op twa punten krityk hat. Sa moat Comenius Mariënburg better tsjekke oft de learlingen har neffens ferwachting ûntwikkelje. As dat net sa is, moat dúdliker analysearre wurde hoe't it kin dat in bern efterrint. Ek moat der dan mear stipe komme foar de learling, as dat no it gefal is.
It Comenius moat fierder wurk meitsje fan de kwaliteit fan harren ûnderwiis, it mentoraat en de begelieding. It kommende jier moat op beide punten in dúdlike ferbettering te sjen wêze. De ynspeksje komt dan opnij del om in oardiel te jaan oer it ûnderwiis op de skoalle.
Rektor Cees Vogelvanger fan de skoalle reagearret op it oardiel
"Eltse dei op 'e nij komme der minsken mei allegear goeie yntinsjes en in protte enerzjy nei skoalle ta om it bêste te jaan foar de bern. Dat sil it kommende jier net oars wêze", seit Vogelvanger, "mar we hawwe no wol tsjinwyn. We sille dus echt hurder traapje moatte."
De skoalle organisearret kommende moanne in spesjale ynformaasjejûn foar de âlden. Dan wurdt mear ferteld oer de gefolgen fan it ûndersyk en it predikaat.
Rektor Cees Vogelvanger fan de skoalle