Wurkstraffen foar rellende feestgongers yn bosk Aldemardum

Restanten fan yllegaal feest yn bosk Aldemardum wurde oprêden © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It Iepenbier Ministearje hat wurkstraffen easke tsjin de jongerein dy't op Keningsdei 2021 belutsen wie by de ûngeregeldheden yn de bosk yn Aldemardum. Hjirby rekke in agint ferwûne.
De ûngeregeldheden wiene op in momint dat de coronamaatregelen noch hieltyd jilden. Elkenien moast om tsien oere binnen wêze.
Om in oere as acht jûns kaam der in melding by de helptsjinsten binnen dat der brân wie yn de bosk by Aldemardum. Hjir soene 100 oant 200 minsken oanwêzich wêze. De brânwacht woe net selsstannich yngripe en frege assistinsje fan de plysje. De groep minsken waard frege om fuort te gean, mar sa'n 50 oant 75 man hie dêr gjin nocht yn.
Doe't de plysje in liny foarme, waard der mei tûken, flessen en blikken nei de plysje smiten. Fjouwer plysjeauto's rekken skansearre, en ien plysjeagint moast nei it sikehûs mei in ferwûning oan de holle.

Beëangstigjend

De sitewaasje wie tige beëangstigjend foar de aginten. Om't se gjin beskermjende klean oan hiene, moasten se harren weromlûke. Ien fan de aginten sei letter dat er him sa bedrige fielde, dat er deroer neitocht hie om syn wapen te lûken. De plysje krige úteinlik help fan de ME en in plysjehelikopter.
De seis fertochten dy't tongersdei foar de rjochter stean komme út Balk, Aldemardum, Bakhuzen en Harich. It binne manlju yn de leeftiid fan 21 oant 37 jier.

Saken fan twa fertochten útsteld

De saak tsjin de fertochte dy't de agint mei in tûke ferwûne hat, is útsteld om de advokaat gelegenheid te jaan om de bodycambylden te besjen.
De saak tsjin in oare fertochte is ek útsteld. De advokaat wol de bodycambylden sjen dêr't syn kliïnt op te sjen is. Hy soe geweld brûkt hawwe en de groep opjut en opswypke hawwe.

Trije feestgongers krije in wurkstraf

Tsjin in 23-jierrige fertochte út Balk waard in wurkstraf fan 120 oeren easke. Hjirfan binne 40 oeren ûnder betingst. Hy soe in bierfleske nei de aginten smiten hawwe. De fertochte ûntkent dat. De rjochter gie mei yn de eask fan it IM. Allinnich de oeren ûnder betingst kamen te ferfallen.
In 27-jierrige ynwenner fan Bakhuzen hat wol tajûn dat er in leech bierblikje nei de plysje smiten hat. Tsjin him hat it Iepenbier ministearje 150 oeren wurkstraf easke, wêrfan 50 ûnder betingst. De rjochter lei him 120 oeren op.
In fertochte út Aldemardum soe mei beamstronk smiten hawwe en op de plysje ynslein hawwe. In motorplysje krige in klap tsjin de helm. De fertochte wit der net folle mear fan. Tsjin him waard in wurkstraf fan 180 oeren easke, wêrfan 30 oeren ûnder betingst. De rjochter feroardiele him ta in wurkstraf fan 150 oeren.
In 21-jierrige ynwenner fan Harich moat neffens it Iepenbier Ministearje 150 oeren oan it wurk as straf. Dêrnjonken freegje se om trije wiken sel ûnder betingst. Hy soe de groep oanmoedige en opswypke hawwe. Ek soe er yn alle gefallen trije bierfleskes nei de plysje smiten hawwe. Hy ûntkent. De útspraak yn dizze saak folget letter.

Skeafergoeding

Foar alle fertochten jildt ek de eask dat se de skea by de Plysje Noard-Nederlân en by de plysje dy't ferwûne rekke, fergoedzje moatte. Steatsboskbehear hat goed 7000 euro skea. De organisaasje hat oanjefte dien.