Steatssekretaris: "Houd noodopvang WTC open tot er alternatief is"

Minsken yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert © LEO Middelsé
Steatssekretaris Eric van den Burg ropt Ljouwert op om de needopfang yn it WTC iepen te hâlden oant der in alternatyf is. Sadree't dy alternative opfang der is, komme de bewenners fan it WTC lanlik as earste oan bar foar in ferhuzing.
Yn de needopfang wenje sûnt novimber sa'n 600 flechtlingen, wêrûnder goed 100 bern, ûnder drege omstannichheden. Boargemaster Buma liet woansdeitejûn yn in ynformaasjegearkomste witte dat hy de soargen dêroer oanjûn hat by de steatssekretaris. Dy hat dêrop oanjûn dat it WTC syn prioriteit hat.

"Er is geen alternatief"

Dochs sjocht it der net nei út dat dit op koarte termyn bart. "We zijn continu op zoek naar plekken om vluchtelingen op te vangen, zowel voor de korte als lange termijn", lit Van den Burg syn wurdfierder witte. "Maar we hebben niet zomaar een plek."
Ek wat de steatssekretaris oanbelanget is it WTC gjin plak om flechtlingen langere tiid op te fangen, seit syn wurdfierder. "De situatie in Leeuwarden is heftig en absoluut niet hoe we het willen, maar er is geen alternatief."

Bêd binnen of sliepe op it gers

Dêrom ropt de steatssekretaris Ljouwert op om de needopfang net ticht te dwaan. "Momenteel zitten we landelijk in een situatie dat een bed binnen beter is dan slapen op gras of op een stoel. Zoals in Ter Apel."
"Elke dag is het weer spannend of we mensen binnen in een opvang kunnen laten slapen. Als er een alternatief is, dan gaat Leeuwarden als eerste dicht. Maar er is nog geen alternatief."

Asylsikerssintrum Ljouwert

In alternatyf foar de langere termyn soe in asylsikerssintrum yn Ljouwert wêze kinne. It COA joech woansdei oan dat se in gebou op it each hawwe dêr't se in azc fêstigje kinne. Wêr krekt, en per wannear, dat is noch net dúdlik om't de ûnderhannelings noch yn folle gong binne.