Wurkgroep yn Wier wol mei Definsje prate oer 'blanking' radar

De radar yn Wier © Omrop Fryslân
De radar efkes útsette as de strieling by it doarp Wier delstrykt; in wurkgroep yn it doarp wol mei Definsje beprate oft it saneamde blanking fan de radar in opsje is.
It koart útsetten is in mooglikheid dy't offisjeus befêstige is troch de produsint fan de radar, seit Wierster Frits de Vries. Dat it kin, soe ek bliken dien hawwe út de útlis troch in hege militêr oer de wurking fan de Definsjeradar fan de Fleanbasis Ljouwert, flakby it doarp Wier.
De GGD en it Agentschap Telecom hawwe woansdeitejûn yn doarpshús D'âld Skoalle de resultaten fan strielingsmjittingen by de Radarpost oan it doarp bekendmakke.

Klachten

Ynwenners fan Wier kleie oer steuringen oan apparatuer en oer lûdsoerlêst. Boppedat meitsje se harren soargen oer sûnensrisiko's. Dêrom binne ferline jier op trije plakken yn it doarp ekstra mjittingen dien.
Neffens GGD en it agintskip is der gjin oanlieding om jin soargen te meitsjen. De wearden út de mjittingen lizze ûnder de strielingslimyt, sizze se.
Harkje nei de reportaazje
In wurkgroep yn it doarp is dêr net gerêst op. De oerheid moat de boargers beskermje. It moat earst wis wêze dat it gjin kwea kin, foardat de oerheid tastimming jout dit soart strieling rûngean te litten. Dat fynt Frits de Vries. Hy wennet al sawat tolve jier yn Wier.

'Ast it net witst, net dwaan'

Neffens him sizze in soad wittenskippers dat der wol deeglik effekten binne. Dan moatst it foarsoarchsprinsipe tapasse: ast it net witst, net dwaan.
De Vries has wol betrouwen yn de mjittingen fan it agintskip. Syn punt is: hoe ynterpretearrest dy sifers?
Dizze radar soe in berik hawwe fan 2000 km, fan it noarden fan Noarwegen oant it suden fan Portugal, en fan Yslân oant Midden-Europa. Yn dat hiele gebiet kin er dingen oanstriele. In fraksje fan dy enerzjy wurdt dan weromkeatst nei Wier.

'Blanking'

De Vries sjocht wol wat yn in mooglikheid dy't saakkundigen ek al earder foarsteld hawwe: de rûndraaiende striel op it momint dat er troch Wier giet, efkes koart ûnderbrekke. In wurkgroep yn it doarp wol no mei Definsje om tafel oft it saneamde blanking fan de radar in opsje is.
Wurkgroep yn Wier wol mei Definsje prate oer 'blanking' radar