Berneboargemaster Ljouwert: "Kinderen in WTC hebben rust nodig"

© Leo Middelsee
De berneboargemaster fan Ljouwert Thirza Huitema hopet dat bern yn de needopfang yn it WTC fluch ferhûzje kinne en in eigen plakje krije. "Ik vind het heel erg dat kinderen die al uit een oorlogsgebied komen, hier naar toe zijn gevlucht en niet tot rust kunnen komen."
berneboargemaster oer WTC
As berneboargemaster komt Huitema op foar de belangen fan bern. Se hat dêrom mei ferskate bern yn de needopfang yn it WTC praat. Huitema is tige ûnder de yndruk fan harren ferhalen oer iten, sliepen, lawaai en de oare bewenners. Se hopet dat de bern fluch ferhûzje kinne.

Polityk

Koartlyn hat de berneboargemaster har kollega's yn de Ljouwerter polityk frege om de bern yn it WTC te helpen mei ferhûzjen. "Ik heb ze verteld dat de verhalen hier best wel schokkend zijn. Ik hoop dat iedereen op zijn of haar manier z'n best doet om deze kinderen, deze mensen, een goed plekje te geven."