Opnij minder WW-útkearingen yn Fryslân

© Pexels.com
Yn Fryslân is yn april fan dit jier it tal WW-útkearingen fierder ôfnaam. Dit sawol yn fergelyk mei de moanne dêrfoar, as yn fergelyk mei deselde moanne in jier lyn. De delgong is yn alle provinsjes fan Nederlân sichtber.
Ein april telde Fryslân 6.774 WW-útkearingen. Dat is twa prosint fan de Fryske beropsbefolking. It tal WW-útkearingen yn Fryslân naam yn april ôf mei 423. Dit is te sjen yn alle sektoaren, mar benammen yn de hoareka, de catering en de kommersjele tsjinstferliening.
Ein april lei it tal WW-útkearingen yn Fryslân rom leger as in jier earder: 33 prosint.