KNMI: koade giel fanwege tongerwaar

Wjerljocht boppe de Lege Geaën by Gau © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It KNMI hat foar tongersdei koade giel ôfjûn fanwege tongerbuien. Benammen it easten fan it lân kin swiere buien ferwachtsje, mar ek yn Fryslân is der kâns op tonger.
Yn de moarnsoeren lûke de earste buien oer Fryslân. Yn dizze buien binne wynstjitten mooglik oant 60 as 70 kilometer yn de oere. Yn de rin fan de middei en jûns lûkt it tongerwaar nei it easten en súdeasten.
Ferkear en bûtenaktiviteiten kinne oerlêst hawwe fan de tongerbuien.