Strjitfuotballer Anas Tahiri hat syn draai fûn by Hearrenfean

Anas Tahiri begjint syn draai te finen by Hearrenfean © ANP
Middenfjilder Anas Tahiri kaam yn jannewaris fan Roemenië nei Hearrenfean. Sûnt it momint dat er in basisplak hat, giet it de Friezen foar de wyn. It fertrouwen rjochting de play-offs tsjin AZ is grut.
Anas Tahiri: "Sinds ik 100% fit ben, heb ik de ploeg kunnen helpen"
Doe't Tahiri yn jannewaris delstruts op It Hearrenfean, wie de klup yn krisis. Hearrenfean gong stadichoan rjochting de degradaasjestreek. Tahiri kaam doe oer út Roemenië, wêr't er trije moannen gjin wedstriden spile hie.
Yn syn earste wedstriid, tsjin FC Twente, begûn Tahiri noch yn de basis, mar dêrnei moast er wachtsje oant 12 april. Tsjin syn âlde klup, RKC Waalwijk, krige er wer ris in basisplak. Sûnt dy wedstriid hat Hearrenfean njoggen kear spile en ferlear it allinnich noch mar fan AZ en Ajax.

Opmars en foarm hân yn hân

De opmars fan Hearrenfean gong eins lykop mei de foarm fan Tahiri. "Dat kun je zo wel zeggen. Toen ik kwam, had ik nog geen wedstrijdritme. Ik had drie maanden nodig ongeveer. Sinds twee maanden ben ik echt fit en heb ik het team geholpen om de play-offs te halen."
De wedstriid Hearrenfean - AZ begjint tongersdei om 18.45 en is live te hearren by Omrop Fryslân. De útstjoering begjint om 18.30 oere, it kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Tahiri hat it fertrouwen krigen fan Ole Tobiasen. "Het is wel leuk als je het vertrouwen hebt van de trainer en van de medespelers. Om met dat gevoel op het veld te komen."
En it fertrouwen liket te groeien. Tsjin Vitesse skeat Tahiri nei in fraaie aksje de bal op de latte en tsjin Go Ahead Eagles joech er in bal efter syn stânbonke foar. "Dat is iets wat ik sowieso graag doe, maar zonder vertrouwen doe je dat niet zo snel. Als het niet 2-0 was geweest, had ik 'm niet zo gegeven."
We hebben het erover in de kleedkamer.
Anas Tahiri oer de play-offs
Yn de seleksje libje de play-offs, seit Tahiri. "Ik denk dat het vier jaar geleden is dat Heerenveen de play-offs heeft gehaald. We hebben het erover in de kleedkamer. Dus dat is wel mooi. We hebben een moeilijk seizoen gehad, maar ik denk dat dit prima is voor de club en voor de stad."

Opgroeid yn Brussel

Tahiri groeide op yn in wyk yn Brussel, yn Schaarbeek. "Ik heb heel mijn leven in Brussel gewoond. Ik ben een rustige jongen. Na de training ga ik gewoon naar huis. Een beetje tv kijken, misschien wat eten met andere jongens. Ik ben een rustige jongen, maar op het veld wil ik laten zien dat ik een goede voetballer ben en dat ik ambitie heb."
Anas Tahiri oer wêr't er weikomt en wat er it docht njonken it fuotbaljen
Yn Brussel learde er it fuotbaljen op strjitte. "Dat ben ik 100 procent. Ik heb mijn hele jeugd op straat gevoetbald. Ik denk dat je dat kunt zien op het veld. Zo ben ik opgegroeid."
Tahiri groeide op yn Schaarbeek mei Ahmed El Messaoudi, dy't foar FC Groningen en Fortuna Sittard fuotballe hat. "Daar speelde ik vroeger mee. Ik woonde vijftien minuten van zijn huis. Nu hebben we nog contact. Ik denk dat we deze zomer weer lekker gaan voetballen en tennissen."