Autobrân slacht oer op caravan en skuorre yn Boalsert

In autobrân yn Boalsert is woansdeitejûn oerslein op in caravan en in garaazje. By de brân gong in sket ferlern.
It wie al gau in flammesee op de oprit fan de hoekwenning. Dêrby kaam ek in soad reek frij, dy't yn de fiere omjouwing te sjen wie.
Der kamen ek in soad minsken ôf op de brân.

Omdat de brân oersloech nei de caravan en de garaazje, sette de brânwacht ekstra grut yn. Doe't de twa brânwachtploegen ienkear teplak wienen, hienen se it fjoer gau ûnder kontrôle.
Neffens de brânwacht is de skea oan it hûs en de garaazje beheind bleaun.