Ole Tobiasen fynt AZ echt de favoryt: "Fifty-fifty vind ik een beetje raar"

Ole Tobiasen, trainer fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
Trainer Ole Tobiasen fan Hearrenfean skoot de favoriterol yn de earste ronde fan de play-offs yn de skuon fan AZ. "Een heel goed team."
Ole Tobiasen sjocht foarút nei it twalûk tsjin AZ
Joost van Aken en Nick Bakker dogge tongersdei net mei. Tobiasen ferwachtet net dat er Van Aken dit seizoen noch brûke kin. Hy hat te folle lêst fan in ljiskblessuere.
Nick Bakker is der tongersdei ek net by, mar snein by de return mooglik wol. Bakker hat lêst fan 'e knibbel en neffens Tobiasen is der gjin skea konstatearre, mar hat er noch wol pine. Dat is dus in fraachteken.
It betsjut dat Lucas Woudenberg wer sintraal spilet. Hearrenfean begjint mei deselde opstelling as ôfrûne snein tsjin Go Ahead Eagles.

Tobiasen hat nocht oan it toetje

Hearrenfean helle op de lêste kompetysjedei de play-offs foar Europeesk fuotbal. De sfear is dus goed, seit Tobiasen: "Nou, euforie is er niet, maar wel heel veel blijdschap. Het is toch een hele knappe prestatie. Dat toetje is wel mooi."
Vergeet niet tegen wie we moeten spelen.
Olte Tobiasen fynt Hearrenfean net de favoryt
AZ hat in minne perioade. Fan de lêste alve wedstriden wûnen de Alkmaarders mar twa.
Is Hearrenfean favoryt? Dat fynt Tobiasen te fier gean. "Fifty-fifty vind ik wel een beetje raar, dat mensen dat gaan roepen. Ik snap hun enthousiasme, omdat we in een flow zitten. Maar vergeet niet tegen wie we moeten spelen. Dat zijn hele goede spelers, een heel goed team. AZ heeft gewoon heel veel kwaliteit. Donderdag zullen ze er gewoon staan."
De wedstriid Hearrenfean - AZ begjint tongersdei om 18.45 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân. De útstjoering begjint om 18.30 oere, it kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Earder dit seizoen wûn AZ mei 3-1 yn it Abe Lenstra Stadion. Hearrenfean wie doe kânsleas. In moanne lyn yn Alkmaar waard it 2-1 foar AZ, mar doe hie in punt der foar Hearrenfean wol yn sitten.
"We kregen toen die grote kans van Anthony Musaba natuurlijk", wit Tobiasen noch. "Maar je moet gewoon twee goeie dagen hebben tegen AZ. Het wordt heel moeilijk, echt."

Iepen en oantreklike wedstriid

Wêr lizze de kânsen dan neffens Tobiasen? "AZ wil vaak hoog op het veld staan, waardoor ze ruimte creëren in hun eigen rug. Dat is wel één van onze aandachtspunten. Dat hebben we ook gezien toen we uit speelden. Maar ik hoop ook dat we zelf veel kunnen laten zien dat wij veel aan de bal zijn. Ik verwacht een open een aantrekkelijke wedstrijd."