Nije grûnkoöperaasje Rijkdom moat natuerfreonliker buorkjen stimulearje

Lânbougrûn by Seisbierrum © eigen foto Wiebe Goodijk
In nije koöperaasje foar lânbougrûn moat derfoar soargje dat boeren mear mooglikheden krije om natuerfreonliker te wurkjen.
Yn Fryslân is in soad diskusje oer grûngebrûk, seit Pieter van der Valk. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan de grûnkoöperaasje Rijkdom dy't woansdei oprjochte is. "Wy fine dêr mei ús allen wat fan en dan moatte we dêr mei ús allen ek de ferantwurdlikens foar nimme."
It idee achter de nije koöperaasje is dat de lêsten foar natuerfreonliker buorkjen, oftewol ekstinsive lânbou, net allinnich mar by de boeren lizze. Dy sitte no yn de spagaat tusken yntinsyf buorkjen, omdat dat finansjeel needsaaklik is, en ekstinsyf, omdat de natuer dêrom freget.

Helte foar boer en helte foar ynvestearder

Der binne in soad koöperaasjes, mar dizze is bedoeld om in optimale balâns te finen tusken ekonomysk foardiel en natuerbehâld, neffens Van der Valk.
Hy leit út hoe't it wurket: de boer hat de helte fan de grûn yn eigendom. De oare helte is foar de ynvestearder. Dat kin in private, mar ek in grutte partij wêze.
Trochdat de ynvestearder de helte fan de grûn yn syn besit hat, ferfalle de finansieringslêsten foar dy grûn foar de boer.

Mear jild foar natuerfreonlik buorkjen

As er dêr dan ek noch in behearsfergoeding foar kriget, hat de boer in prima rendemint. Der is dan mear jild om natuerfreonliker te buorkjen, as dat bygelyks moat fanwege greidefûgel- of feangreideproblematyk.
Guon ynvestearders en boeren hawwe al belangstelling toand foar de nije grûnkoöperaasje Rijkdom.