Skipper rammend frachtskip Ljouwert hat 7 oant 8 minuten út de tiid west

Frachtskip yn Zuiderburen © Omrop Fryslân
De skipper, dy't freed yn de Ljouwerter wenwyk Zuiderburen telâne kaam mei syn frachtskip Ilse-Marie, hat sawat 7 of 8 minuten út de tiid west. Yn it wykein is er ûndersocht yn it sikehûs, mar in oarsaak is net fûn.
Dat fertelt Richard Hoekstra, de eigener fan it skip. De skipper fielt him prima en fart ûnderwilens ek al wer op de Ilse-Marie. Eins woe er dy freeds fuortendalik wer oan it roer, mar doe moasten de ûndersiken noch plakhawwe en hie de skipper syn papieren noch net werom.

Eigener Hoekstra fertelt dat seis dagen yn 'e wike op syn beide skippen fearn wurdt. Dat giet altyd neffens de regels. Sa ek ôfrûne freed.
De fartiden doogden en der wie ek gjin alkohol of drugs yn it spul. Dat befêstiget de plysje dy't de saak yn ûndersyk hat. Dat sa'n ûngelok dan bart, is tryst, mar it is neffens Hoekstra ferlykber mei in frachtwein op 'e dyk. Ungelokken mei frachtauto's barre faker en binne dêrom minder grut nijs.
De skea oan it Braksân © CAMJO media
Hoekstra is yn alle gefallen bliid dat it yn dit gefal allinnich om skea giet oan foarwerpen en net oan minsken. Foar de skea hat er al mei de fersekerder yn de wenwyk west. De saak rint no. It skip Ilse-Marie hat mar in pear krassen en mankearret eins neat.

Automatyske piloat

Hoe't de Ilse-Marie sa'n skerpe bocht yn it Van Harinxmakanaal meitsje koe en dêrnei yn de wenwyk bedarre, is neffens Hoekstra hiel maklik te ferklearjen: de automatyske piloat. It roer hoecht mar in lyts tikje te krijen en dan nimt de automatyske piloat it oer.
It plysjeûndersyk nei it farynsidint rint noch. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de skipper. Ofhinklik fan de útkomsten fan it ûndersyk is it dan oan it Iepenbier Ministearje oft der in saak komt.