Replikaskip de Witte Swaen kin mooglik net farre mei de Tall Ships Races

Witte swaen © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
It is ûnwis oft de Witte Swaen wol meidwaan kin oan de Tall Ships Races. It pronkstik fan Harns hat noch net de goede fergunningen om op binnenwetter farre te kinnen.
Replikaskip de Witte Swaen kin mooglik net farre mei de Tall Ships Races
Wetjouwing omtrint 'tradisjonele' skippen leit bysûnder kompleks. Op dit stuit sit de bemanning mei de hannen in it hier oft it allegear wol trochgean sil. Se wachtsje noch altyd op in sertifikaat fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Op dit stuit is der gewoanwei gjin protokol foar histoaryske skippen dy't op binnenwetters farre wolle. It leit by it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om regels op te stellen.
Boumaster Gerald de Weerdt op de Witte Swaen © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De Witte Swaen is in rekonstruksje fan it 16de-iuwske skip dêr't Willem Barentsz mei nei Nova Zembla fear. En krekt it feit dat de Witte Swaen boud is nei 16de-iuwske techniken, smyt nochal wat wetlike swierrichheden op.
"Het gaat lastig worden. Technisch gezien is het schip klaar. Het is een zeeschip, maar we moeten voldoen aan de reglementen voor grotere binnenvaartschepen. En dat zijn hele andere eisen dan een 16de-eeuws zeilschip", fertelt boumaster Gerald de Weerdt.
De Witte Swaen yn Harns op argyfbyld © Omrop Fryslân
It roer is bygelyks net opnaam yn de regelminten. "Wij hebben een handbewogen roer, die wordt doorgeleid door een kolderstok. Het is geen rond roer, maar een helmstok waar bovenop nog een stok zit waarmee je de helm beweegt. In de 16de, 17de eeuw hadden alle schepen dat. Maar dat zit wat binnen het schip gebouwd. De roerganger heeft daarbij geen volledig vrij zicht, hij staat onder een kleine overkapping. Maar in de moderne regels staat dat de stuurman vrij zicht moeten hebben."
Gerald de Weerdt kaam mei it idee in replika te meitsjen fan it skip. Hy hat ûndersyk dien nei hoe't it 16de-iuwske skip boud binne. Der wurdt al mear as tsien jier oan de replika fan it skip út 1596 wurke.

Test op it Waad

Ofrûne novimber hat it skip foar it earst in testfeart makke op it Waad. Meidwaan kinne yn de Tall Ships Races soe in moaie slot wêze fan in lang trajekt.
"Het is heel frustrerend, tien jaar lang hebben we met een grote groep mensen gewerkt aan dit schip. Het is het pronkstuk van Harlingen geworden. Hoe mooi zou het zijn als we tijdens de Tall Ships Races die grote schepen binnen mogen halen. Maar we lopen vast in een bureaucratische regelgeving."
It is no oan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om de Witte Swaen in sertifikaat te ferlienen. Dêrfoar moatte se ek nije betingsten formulearje. Dat is in yngewikkeld en burokratysk proses. It sertifikaat hawwe se nedich om in oefentocht meitsje te kinnen op de Iselmar.
Neffens de boumaster is it net ferantwurde om sûnder oefening mei te dwaan oan de Tall Ships Races. Dus sûnder sertifikaat sil de Witte Swaen net meidwaan en "braaf in de haven blijven liggen. Ik kan alleen maar de ambtenaren smeken: toe, geef ons de regelgeving."
Boumaster Gerald de Weerdt
De organisaasje fan de Tall Ships Races fynt it hiel spitich dat de Witte Swaen wierskynlik net meidwaan kin. "Ik ha Gerald de Weerdt in skoft lyn al benadere mei de fraach hoe't se it fine soene as se op 14 july, as alle skippen binnefarre, meifarre, miskien wol foarop. Dat soe in moai plaatsje wêze", seit Lieuwe Krol fan de Tall Ships Races.

'Kers op de taart'

Foar Krol hie dat de 'kers op de taart' west foar it evenemint. "Mar we hawwe wol sein, jim meie hjir op jim fêste plak yn de haven lizzen bliuwe. Sadat it foar alle besikers te besjen en te besykjen is."
De Tall Ships Races binne fan 14 oant en mei 17 july yn Harns.