Boekekast presintearret Utsteld Gelok #1: 'Fjoerseelân', in ferhaal fan Bart Kingma

Bart Kingma © Omrop Fryslân
Boekekast, de literêre podcast fan Omrop Fryslân, slút dit jier oan by Utsteld Gelok (Uitgesteld Geluk). Der wurde acht nije ferhalen publisearre, plus in ynterview mei de skriuwer. It earste ferhaal is 'Fjoerseelân' fan Bart Kingma.
Itselde ferhaal is foarlêzen by Natuerbuorkerij It Kolkje yn Makkum. Yn 'Fjoerseelân' beskriuwt Bart Kingma in lytse groep minsken dy't oerbliuwt, neidat de see it lân oerstreamd hat. Se besykje te oerlibjen en ûntdekke dat langstme mar ek eangst nedich is om it libben de muoite wurdich te meitsjen.
'Fjoerseelân' is it earste ferhaal fan 'Utsteld Gelok' (Uitgesteld Geluk).
Sjoerd Bottema lêst it ferhaal 'Fjoerseelân' fan Bart Kingma foar © Laura Keizer
Fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 wurde 100 ferhalen foarlêzen op paradyslike plakken yn Fryslân. It projekt is betocht en organisearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature.
De reade tried fan alle ferhalen is it sykjen nei skjintme, nei it paradys, yn en nei de pandemy.
De sân oare ferhalen dy't yn de podcast Boekekast publisearre wurde sille, binne fan Berber Bouma, Nicole van den Berg, Sietse de Vries, Welmoed Wijma, Nyk de Vries, Koos Tiemersma en Anita Terpstra.
Decamerone fan Boccaccio © J.W. Waterhouse
Ynspiraasje is it boek 'Decamerone' fan Giovanni Boccaccio, dat hy skreau yn de 14e iuw. Dat is in samling fan hûndert ferhalen, ferteld troch tsien jonge minsken dy't Florence ûntflechte wiene fanwege de pest.
Op in bûtenpleats brochten se in pear wike troch en fertelden elkoar alle dagen ferhalen. Om elkoar te fermeitsjen, mar foaral ek om wer wat skjintme en gelok te finen. Dat is ek it doel fan 'Utsteld Gelok'.
Utsteld Gelok © Lucas Kemper
Hûndert auteurs út Fryslân, Nederlân en it bûtenlân hawwe in nij ferhaal skreaun mei as tema 'it paradys'. De ferhalen wurde troch profesjonele fertellers foarlêzen yn paradyslike tunen yn Fryslân. Yn it Nederlânsk, it Frysk of it Ingelsk. It programma duorret altyd ûngefear oardel oere.
Elkenien dy't wol kin sels in túnstuoltsje meinimme en derhinne gean.
Boekekast is in literêre podcast fan Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, om skriuwers út Fryslân in poadium te bieden en literatuer tagonkliker te meitsjen.