Jannie waard fereale op Andalusië: "Net allinne op it strân mei sangria's"

Jannie en Henk Elzinga © Omrop Fryslân
"Ik woe altyd al nei it bûtenlân, nei de sinne ta", fertelt Jannie Elzinga (57) út Dokkum. Nei de besite oan in groep Nederlanners yn it gebiet is sy fereale wurden op Andalusië.
Elzinga kaam yn de kunde mei de groep troch it ynternet. Dêr hat sy ôfpraat om in kear del te kommen.
"De campo (it plattelân, red.) stie fol mei sitroen- en sinesapelbeammen en der rûn in rivier efter harren hûs. It like de himel wol."
Do moast hjir echt wol hurd wurkje, kinst net allinich op it strân lizze mei sangria's.
Jannie Elzinga
Jannie en Henk Elzinga ha de ôfrûne tsien jier in bedriuw opset foar de ferhier fan fakânsjehuzen. Dat gie sa bêst dat it pear ek in grutter hûs keapje koe.
De Elzinga's hawwe dus seker net tsien jier fakânsje fierd. "Do moast hjir echt wol hurd wurkje, kinst net allinnich op it strân lizze mei sangria's."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Elzinga docht ek noch mantelsoarch foar in frou dy't al jierren siik is en se stipet in dakleaze man dy't yntusken yn in caravan wennet.
It útsicht út Jannie har hûs wei © Omrop Fryslân
Elzinga sit op in fantastyske lokaasje, 300 meter heech yn La Viñuela, mar sy draacht har heitelân noch in waarm hert ta. "Seker by myn berteplak Dokkum haw ik in waarm gefoel."
Elzinga hat har dochter, bernsbern en har twa broers yn Nederlân efterlitten. Dêroer hat sy ek wolris ûnwennich west.
"Doe begriep ik wol dat minsken derfoar keazen om werom te gean. Ik hie sa'n heimwee nei myn dochter, bernsbern en nei Fryslân. Ik hear wol mear 'expats' oer dat minne gefoel."
Henk en Jannie mei in part fan de famylje © Omrop Fryslân
De Elzinga's sitten no middenyn it heechseizoen en kinne net fuort. Mar sy hawwe wol plannen om werom te kommen.
"Yn septimber komme we werom om ús dochter en bernsbern yn Emmen op te sykjen. Dan sille we ek noch wol nei Fryslân ta gean."