De toan fan Froukje Sijtsma: "Woartel Gate"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Yn hokker mate spilet seksueel wangedrach yn Fryslân? Dy fraach waard koartlyn steld yn radioprogramma Spraakmakers op NPO Radio 1. Ek de haadredakteur fan Omrop Fryslân skode oan.
De toan fan Froukje Sijtsma
It Fryske nijsmedium Liwwadders borduerde op dat ynterview troch: '#MeToo blijft als het aan Omrop-hoofdredacteur Ingrid Spijkers ligt een witte vlek op de Friese kaart' kopte it artikel. En fierderop: 'in hoeverre #MeToo-zaken in Friesland als nieuwswaardig zullen worden beschouwd, moeten we maar afwachten.'
Fansels bestiet #MeToo ek yn Fryslân. De Ljouwerter Krante skreau dizze wike oer seksueel wangedrach, ûnder oare rjochting froulike sjoernalisten. Sa fertelde myn kollega Johanna Brinkman dat se mei twa manlju in ynterview opnimme soe yn in bosk. De kamera draaide, se hie de koptelefoan op, mar se moast noch efkes wat út de auto helje. De manlju wienen blykber fergetten dat se in sinderke op hienen. "Gaat ze met ons mee?", sei ientsje. "Dan kunnen we haar ook wel verkrachten", oppere in oare man.
Dit gong fierstente fier. Johanna fielde har yntimidearre en besleat werom te gean nei de redaksje. It management fan Omrop Fryslân hannele adekwaat troch de manlju dúdlik te meitsjen dat sy de feilichheid fan in ferslachjouwer yn gefaar brocht hienen. Untkenne wie gjin opsje, it stie ommers op tape.
Kollegakollumnist Jan de Groot fynt dat minsken dy't oaren neifluitsje en lestichfalle sels weromfluite wurde moatte. Mar hoe dogge je soks dan? Is dat inkeld de rol fan âlders en fersoargers, of leit der ek in taak foar ûnderwiis, mienskip en media?
De earste yntimidearjende situaasje dy't ik meimakke wie doe't ik fjirtjin wie. Ik gie nei skoaltiid mei freondinnen de stêd yn. It wie drok. In jonge rûn in kafee út en graaide my samar tusken myn skonken. Ik stie perpleks. Hy rûn troch en ik die neat. Wat letter kaam it besef, mar dochs bagatellisearre ik it: hy wie ommers dronken?
De lêste tiid haw ik ferskillende froulju frege nei harren ûnderfinings. Elkenien hat wol foarbylden fan yntimidearjende situaasjes. Sels sis ik dat ik neat skokkends of traumatisearjends meimakke haw, mar as ik deroer neitink, dan binne der genôch absurde situaasjes.
Bygelyks doe't ik as famke fan 15 jier de boer holp. It hie dy hjerst in soad reind, dat it wie te dridzich om mei swiere masines it lân op. Skoalbern hellen dêrom hiele ikkers der mei de hân út. In wat âldere jonge op it lân seach ik foar de lol lytse fjildmûskes deatraapjen mei syn grouwe klompen. Foar famkes hie er net folle mear respekt. Mei in grouwe woartel fol swiere klaai kaam er foar my stean en sei: "Hé! Dizze woartel hin, past dy wol yn dyn kut?"
Fight, flight or freeze. Ast yn ûnferwachte situaasjes bedarrest, kiest ûnbewust altyd foar ien fan dizze trije: do fjochtest werom, do flechtest nei in feiligere omjouwing of do befriest. Mei Woartel Gate befrear ik. Ik sei neat. Mar hoe soe ik no reagearre hawwe? Ik hie grif in wjerwurd hân, soks as: "Miskien moatst mei dy woartel ris in stevige stekproef by dysels dwaan om út te finen hoefolle djipgong asto hast."
Moatst ien mei kwetsende taal te plak sette? Soe it überhaupt wat útmeitsje? Yn myn studintetiid rûn ik jûns let mei in freondinne oer strjitte. Yn in portyk stie in man himsels ôf te skuorren. De poatleadsuteler seach ús sûnder sjêne oan. Ik sei doe: "Hé gast, als dat alles is wat je in de aanbieding hebt, doe dan je broekje maar snel weer omhoog." Stoer praat fansels, mar ik wie my rotskrokken.
Foarich jier krige ik folslein út it neat fan in âld bekende in filmke tastjoerd fan in healneaken frou dy't mei in pookje in fleksibele fibrator oan it bestjoeren wie. Ik fûn it belachlik en appte him dat ik dêr absolút net op siet te wachtsjen. "Ah, geen humor. Check" appte hy werom. "Andere humor, check" sei ik en ik blokkearre him.
Ja, #MeToo bestiet ek yn it noarden fan Nederlân, al fyn ik myn eigen ûnderfinings net iens sa hektysk, as ik soms de ferhalen fan oare froulju hear. En giet it dêr eins net ferkeard? Dat minsken dy't it oerkomt it minder slim fine of it lytser meitsje as dat it yn werklikheid is? It stiet as in peal boppe wetter: ek yn Fryslân hawwe wy op dit mêd noch in bealch fol wurk te fersetten. En krekt dêr kinne nijsmedia in belangrike rol yn spylje: as platfoarms dy't seksuele wanpraktiken oan it ljocht bringe.
Hoe sjogge wy anno 2022 nei de frijheid en feilichheid fan oaren? Doarre we elkoar oan te sprekken as ien swier de grinzen oergiet? Kinne wy it as mienskip opbringe om te praten oer seksuele grinzen? Hielendal yn in tiid wêryn't ús befolkingsgearstalling hiel bot oan it feroarjen is? Nijsmedia moatte net allinnich ferslach dwaan fan seksuele misstannen, mar just ek konstant de diskusje fieren bliuwe oer hoe't wy as mienskip foarkomme kinne dat seksueel wangedrach noch langer woartel sjitte kin."