Ynternasjonaal kongres oer boerdspullen en tinksporten by Tresoar

© ANP
Yn Ljouwert is dizze wike it ynternasjonale kongres 'Board Game Studies Colloquium'. By Tresoar binne minsken mei ynteresse foar boerdspullen út de hiele wrâld oanwêzich.
"It giet om alle soarten fan boerdspullen, mar ek om tinksport, lykas skake en damje. De dielnimmers binne leafhawwers en se sykje nei de skiednis en achtergrûn derfan en wat se foar minsken betsjutte", seit Liuwe Westra fan de organisaasje.
Omdat de dielnimmers oeral weikomme, kinne se ek fan elkoar leare. "Sa ha we yn Fryslân it Frysk damjen, en der is it Hollânske spul, mar der binne noch wol fyftich farianten."
Tresoar is sûnt it in pear jier foar hiel Nederlân 'Denksportcollectiecentrum'. "Dat betsjut dat Tresoar it wittenskiplik sintrum is foar kolleksjefoarming fan materiaal op it mêd fan tinksporten, dus boeken oer bridge, skake, go en damje. En dêrom is dizze edysje yn Ljouwert."
De dielnimmers folgje ferskate lêzingen. "Juster wie der in lêzing oer in stien dy't se fûn hienen it Thermenmuseum fan Heerlen en der stienen in pear lyntsjes op. Der wurdt dan ûndersocht oft dat in spul west ha kin en hoe't dat dan spile waard."
Liuwe Westra oer it kongres
It tema is 'Ludus in Academia', it betsjut spultsje dwaan op de akademy (de universiteit). "Krekt op dy plakken ûntstienen nije spullen of nije farianten. Dêr kamen minsken út de hiele wrâld by elkoar. En Frjentsjer wie in belangrike universiteit en de biblioteek dêrfan wurdt by Tresoar bewarre."
De kongresgongers bringe woansdei in besite oan deputearre Poepjes. Tongersdei stiet in ekskurzje nei Frjentsjer op it programma, de eardere universiteitsstêd.