Boek fan grafikus M.C. Escher feild foar 85.000 euro

'Regelmatige vlakverdeling' fan M.C. Escher © Zeeuws Veilinghuis
It boek Regelmatige vlakverdeling fan de Ljouwerter grafikus M.C. Escher is feild foar 85.000 euro. De direkteur fan Het Zeeuws Veilinghuis hie rekken holden mei mooglik in ton.
"De officiële richtprijs was zestig- tot tachtigduizend euro en we dachten dat de veiling door zou schieten tot honderdduizend, maar dat is niet gebeurd", meldt direkteur René de Visser. It boek waard feild troch Het Zeeuws Veilinghuis yn Middelburg, Seelân.
It boek is fuortkommen út in gearwurking tusken Het Veilinghuis en Karel Asselbergs, de sekretaris fan de bibliofile stichting De Roos. Escher en Asselberg skreaunen elkoar in soad brieven, dy binne ek ferkocht.

M.C. Escher

Keunstner Maurits Cornelis Escher waard berne op 17 july 1898 yn Ljouwert. Hy is ferneamd wurden fanwege syn houtfiken, houtgravueres en litografyen. Yn syn keunst boarte er mei de fûneminten fan de wiskunde. Bygelyks Klimmen en dalen, wêryn't er de ûnmooglike Penrose-trep ôfbyldet mei muontsen.
Yn de jierren 1950-1960 krige Escher erkenning as keunstner, foaral yn de Feriene Steaten. Yn 1972 is Escher ferstoarn yn Hilversum.
Escher syn boek Regelmatige vlakverdeling giet oer de ferdieling fan flakken, ien fan syn fassinaasjes. Yn it boek giet Escher yn detail yn op it ûnderwerp.
It boek hat seis sinjearre ôfdrukken. Neffens De Visser gean de boeken fan Escher faak foar in pear tûzen euro yn de ferkeap. It wurk fan Escher is makke yn oplage en sil dêrom noch wol te sjen wêzen, fertelt De Visser.
M.C. Escher yn 1968 © ANP
"Een groot deel van wat we verkocht hebben van Escher gaat naar Amerika, dat zie je niet meer terug", seit De Visser.
It falt him op dat der hieltyd mear ynteresse is yn it wurk fan Escher. "Hij maakt kunst die veel mensen aanspreekt en dat zien we terug in de prijzen. Die blijven maar stijgen."